heit&mem

Foarlêze – Eltse dei in fêst ritueel!

Joukje de Jong 25 juni 2018

Hoe begjinst mei foarlêzen nei de berte fan dyn poppe? Wat moatst wol en just net dwaan? Dêrom hawwe wy in oantal tips op in rychje set mei in oantal foarbylden fan boekjes.  

Tip 1:
Lêsûnderfining.9200000039734265

Dyn poppe moat leare te begripen wat ‘lêzen’ ynhâldt. Troch de foarlêssesje eltse kear op deselde manier te begjinnen, wit it bern wat der kommen giet. ‘Sille wy tegearre in boekje lêze?’

 

 

Tip 2:
In dúdlik sinjaal.

Lit eltse kear ast begjinst mei it foarlêzen deselde knuffel of hânpop sjen. Dan wit it berntsje: ‘Ha, wy gean fijn tegearre in boekje besjen.’

 

 

Tip 3:
Mear fan itselde.9200000059825129

Lês itselde boekje in oantal kearen foar. Dat biedt it berntsje hâldfêst en werkenning. Fol trots sil it al gau meidwaan, en bygelyks ‘blaffen’ nog foardatst freegje kinst: ‘Wat docht it hûntsje?’. 

 

Tip 4:
Fêste prik.product_3905_0

Meitsje fan de foarlêsmominten in fêste gewoante. Kies dêrfoar de tiid dy’t dy goed útkomt: lekker rêstich moarns betiid, middeis tegearre op de bank of foar it sliepen gean.

 

 

Bron: www.tomke.nl 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!