heit&mem

Tips om te lêzen mei lytse poppen

x 18 mei 2021

Fansels kinsto al dyn lytse poppe foarlêze. Foarlêze is goed foar de ûntwikkeling fan dyn bern. Mar it is ek noch ris hartstikke gesellich! Fan sa’n 4 moanne ôf kinst al begjinne mei foarlêzen. De poppe kin it boekje besjen en fiele wylst hy fan dyn stim genietet.  Wy jouwe dy in oantal tips!

Tip 1:
Kies in fêst foarlêsmomint. Dat kin bygelyks foar it sliepen gean, mar ek as rêstmomint op in faak drokke dei.

Tip 2:
Gean lekker tegearre op in rêstich plakje sitten. Doch radio, televyzje, en kompjûter/laptop út, dat leidt gau ôf. Soargje der ek foar datst sels noflik sitst.

Tip 3:
Hâld de baby sa, datst eachkontakt meitsje kinst.

Tip 4:
Kies in ôfbylding út it boekje en lit dizze goed sjen. Hâld it boekje sa stil mooglik, hielendal as de baby noch hiel lyts is. Draait de baby de eachjes of it holtsje fuort, gun it dan efkes rêst.

 Tip 5:
Ien of in pear ôfbyldings sjen litte is genôch. It boek hoecht net yn ien kear út; jei it der net trochhinne.

Tip 6:
Lit dyn stim hearre, watst seist is eins net sa belangryk. Beneam wat der te sjen is, meitsje bypassende lûden of sjong in ferske!

 

-> Sjoch hjir foar geskikte boeken foar lytse poppen.

koesboek

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!