heit&mem

Bertus Bear syn Drokke Dei – oanbieding!

Joukje de Jong 21 september 2017

bertus-bear-klein

Bertus Bear hat it der mar drok mei. Fan bêd ôf, nei skoalle ta, swimme, wer nei hûs, ite en wer op bêd. Elk oere bard der wol wat oars.

Sjoch en ûntdek wat Bertus belibbet troch ûnder de flapkes te sjen. Dit ynteraktive boek is hiel geskikt om boartsjenderwize it kloksjen te learen. Dyn bern kin sels de wizers fersette en der falt fan alles te sjen. 

It boek hat in moaie hurde kaft en hy is stevich. In frij grut formaat wat maklik beet te hâlden is. Geskikt fan trije jier ôf. Leuk om foar te lêzen, mar dyn bern kin sels ek in protte ûntdekke. 

Bertus Bear syn Drokke Dei is skreaun troch Tor Freeman. Hy is yn de oanbieding! No foar € 5,00. Hjir te bestellen. 

Tip: Binne do en dyn bern gek op flapboekjes. It boek ‘Op de boerderij’ is yn it Nederlânks. It is hjir te bestellen.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!