Sûkelade tsjin stress
Wistesto dat in lyts stikje pure sjokolade best sûn is foar dyn bern en it dyn bern helpt te ûntspannen?
Stress
Miskien kinst it wol werkenne: stress. Dyn bern hat is smoardrok mei skoalle en is senuweftich foar in toets. It is hielendal net ferkeard om dan in lyts stikje sûkelade te jaan. Sels dochst it ek ast fertriet of stress hast. Wittenskippers tinke dat dat komt troch in soad gemyske stofkes dy’t der ynsitte sa as dopamine en fenylethylamine. Sûkelade hat faaks ek in ferslaavjende wurking. Dat komt trochdat de stoffen op itselde plak yn de harsens ynwurkje as kannabis.
Fitaminen
Ast dyn bern ris wat lekkers jaan wolst is in stikje suvere sûkelade sa ferkeard noch net. It leafst wol mei mear as 70% kakao. Yn de kakaobean sitte goede fetten. Sa as fitamine B, D en E. Troch it iten fan sûkelade makket dyn lichem serotonine oan. Dizze neurotransmitter yn de harsens soargje derfoar datst dy kalm en ûntspannen fielst. Kakao is ek in boarne fan magnesium. Dat kalmearret ek. Kinst natuerlik ek gewoan in banaan meijaan.
Tip: Nocht om in sûkeladetaart te meitsjen? Sjoch hjir in oersjoch fan allegear ekologyske cake- en bakfoarms.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: