heit&mem

Mindful kids

‘Asto op dat stuoltsje sitst, jildt: je doet wat je wilt, maar niet wat je mag’, seit Marije entûsjast en se wiist nei in stuoltsje yn ’e hoeke fan ’e romte. ‘En ast de praatstien beethast, meist wat fertelle. Mar it alderleukst fyn ik Koppie Koppie. Dat is in geheugenspultsje.’ Folgje jim it noch? Marije docht oan mindfulness foar bern.

Marrit de Schiffart 15 april 2019

Freedtemiddei, healwei fiven. Wout (8), Ilse (7), Jollien (9) en Marije (6) lizze op in matsje yn de trainingsseal fan mindfulnesstrainster Annie Schilstra yn Easterein. ‘We doen nu net of we een meer zijn’, begjint Annie it ferhaaltsje dat by de oefening heart.

Mindfulnesstraining

‘Drijf maar op de aarde, net als een meer.’ De bern lústerje; eagen ticht, kessen ûnder de holle, tekkentsje oer har hinne. ‘Soms is het meer wat wilder en zijn er golven. Maar als je je hoofd onder water doet, merk je daar bijna niets van. Daar, in alle rust,  zwemmen vissen en groeien waterplanten.

Human hand cupped to catch the fresh water from the lake, sunlight from sunset passing through the transparence of the water.

Hoe hoog de golven ook zijn, onder water is het nog steeds stil, heel stil.’ Annie sjocht efkes om har hinne en giet dan fierder mei de meditaasje-oefening. ‘Door de golven komt er modder los van de bodem. Die modder maakt het water troebel. Als je wilt dat de modder weg gaat, moet je heel stil blijven liggen.’

Sa drok as de seis bern in pear minuten lyn noch wiene, sa stil lizze se no op harren matsje. Ien kear yn ’e wike komme se mei har âlders nei Easterein foar de mindfulnesstraining Zelfbewust Kind. De acht trainingen duorje in oere en it programma bestiet út allerhande boartlike oefeningen.

Emoasjes

Dêrneist binne de bern ek thús mei de mindfulness-oefeningen fan Annie dwaande. ‘De training leart bern om better om te gean mei emoasjes lykas fertriet en lilkens’, leit Annie út. ‘Alders miene altyd dat harren bern neat oerkomme mei. Se beskermje se safolle mooglik foar aaklike dingen. Begryplik, mar de bern hawwe der neat oan. Letter moatte se ommers ek omgean mei tsjinslaggen? Dêrom is it better om se no al te learen hoe’t se dêr it bêste op reagearje kinne.

Mindfulness helpt bern om sterk te wurden fan binnenút en lestige situaasjes mei freonlike oandacht te liif te gean.’ Annie kaam fiif jier lyn yn oanrekking mei mindfulness. De metoade spruts har gelyk oan en se begûn al gau mei de oplieding Mindful Trainer en letter ek Mindful Teaching. Undertusken is se sertifisearre trainer foar alle leeftiden.

Boeddhistyske oarsprong

Mindfulness, oftewol oandachtslear, komt fan oarsprong út it boeddhisme, en wurdt sa stadichoan ek in begryp yn ús westerske maatskippij. De Amerikaan Jon Kabat-Zinn, heechlearaar oan de universiteit fan Massachusetts, helle mindfulness foar it earst út syn boeddhistyske kontekst en ûntwikkele in acht wiken duorjende training. Zelfbewust Kind is basearre op de training fan Kabat-Zinn.

Meditaasje en mindfulness rjochtet him hieltyd faker op bern. Annie: ‘Bern bliuwe fan natuere ticht by harsels. Harren gedrach is noch net beynfloede troch de maatskippij, se reagearje hiel puer. By folwoeksenen bestiet mindfulness foar in part út it werkennen fan ynslûpte negative patroanen. Unsekerheid, jaloerskens en erchtinkendheid binne foarbylden fan sokke patroanen. Se ûntsteane omdat wy net goed nei ús liif lústerje, mar hieltyd yn ús holle sitte, prakkesearje en oardielje.

Selsbewust

Bern hawwe de balâns tusken liif en geast noch wol. By harren is it dus de keunst om se ûnderfine te litten dat se op harsels oankinne. Ik lear se dat se fertrouwe kinne op har gefoel. Selsbewuste bern hawwe ommers genôch selsbetrouwen om harren te hanthavenjen yn de maatskippij.

Bern hawwe de balâns tusken liif en geast noch wol

En om op in kreative wize om te gean mei swierrichheden.’ Neffens Annie is it wichtich om âlders te belûken by de training. Bern spegelje harren oan ’e âlders. Troch meielkoar te oefenjen krijt it gesin ek de romte om iepen nei harsels te sjen. Boppedat is it de bedoeling dat âlders de bern helpe om dat wat se leard hawwe ek ta te passen yn it daagliks libben.

Mindfulness fynt stadichoan ek syn wei yn it ûnderwiis. Der binne basis- en middelbere skoallen dy’t it oanbiede. Wittenskiplike ûndersiken wize út dat mindfulness positive effekten hat op bern. In ûndersyk fan de universiteit fan Amsterdam liet sjen dat bern nei de training minder bang wiene en better sliepten. Se koene ek better mei emoasjes omgean en fûnen it libben begrypliker en makliker. Learkrêften joegen dêrneist noch oan dat it klimaat yn de klasse ferbettere wie nei de training.

Eigenheid behâlde

Lisanne Stenekes út Wommels is der hûndert prosint wis fan dat har dochter baat hat by de training fan Annie. Marije (6) hat krekt har fjirde training achter de rêch en neffens Lisanne is se no al feroare. ‘Ze reageert minder impulsief, maar denkt juist na over wat ze doet. Ze staat stil bij gebeurtenissen en vraagt zich af wat ze daar nou eigenlijk van vindt.’

Ik wil dat Marije weet dat ze prima is zoals ze nu is

Lisanne giet mei Marije nei mindfulness omdat se wol dat har dochter ticht by harsels bliuwt. ‘Ik vind Marije mooi zoals ze nu is en zou het heel jammer vinden als ze deze eigenheid verliest. Zodra kinderen naar school gaan, leren ze onze patronen. Er wordt ze ingeprent wat wel en niet mag en er wordt gekeken naar prestaties. Daardoor luisteren we niet meer naar ons innerlijk. Het contact met jezelf wordt je ontnomen, omdat je doet wat anderen zeggen en verwachten. Ik wil dat Marije weet dat ze prima is zoals ze nu is. Dat leert ze tijdens deze training.’

Wout, Ilse, Marije en Jollien lizze noch hieltyd op harren matsje. Annie slút de training fan hjoed ôf mei it lûd fan in gong, dat stadichoan weistjert yn de romte. As de bern it lûd net mear hearre, stekke se harren finger omheech. Sadree’t fan alle bern fingers yn ’e loft sweve, is de training ôfrûn. Spitich, fersuchtet Ilse: ‘Ik lig zo lekker, ik wil niet meer opstaan.’

 

Tekst: Marrit de Schiffart
Foto: Fotobureau het Hoge Noorden
Ut: heit&mem nr. 1 2013

Mear witte oer de training Zelfbewust Kind? Sjoch op www.mic-mensincommunicatie.nl.
Boekentip: Stil zitten als een kikker

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.