De babybrûs kado top 10!
Yn Amerika binne babyshowers hiel populêr. Yn Nederlân komt dit ek hieltyd mear op. En by in babybrûs hearre fansels ek kadootsjes. Dêrom hawwe wy foar jimme de moaiste 10 op in rychje setten! Alle kadootsjes kinst hjir online bestelle.
![]() |
1) Fryske bernekeamerposters Der binne allegear ferskate berneposters te krijen op A4 formaat. € 2,50
|
![]() |
2) Bandana Lytse Fliber Dizze bandana’s steane net allinnich hiel leuk, se binne ek nochris hiel praktysk by trochkommende toskjes en smoarge toeten. De slab is mei 2 drukknoopkes yn trije stannen te ferstellen. Geskikt fan de berte ôf oant sa’n 2 jier. € 6,95 |
![]() |
3) Slabkes In slabke is altyd goed. Dit is in neutraal slabke, mar der binne ek noch in soad oare yn allegearre ferskate kleuren en mei oare teksten. Se binne makke fan 100% katoen en hawwe in klittebânsluting. Sjoch hjir foar mear slabkes. € 6,95 |
![]() |
4) Romper ‘Do kinst it heit!’ Wyt romperke mei de tekst: Do kinst it heit! Maat 50/56 € 9,95 |
![]() |
5) Mûtskes Elke poppe kin wol in mûtske brûke. Dizze hat swarte letters mei de tekst: ‘lytse pop’. € 5,95 |
![]() |
6) Koesers Dizze sêfte koeser is fan it merk Funnies. Hy is 30 sintimeter en super fijn om mei te sliepen! Hy is ek te krijen yn it wyt, griis, blau en rôs. € 9,50 |
![]() |
7) Krûpers Leave krûperkes foar de lytse poppe. Dizze binne ek fan it merk Funnies. Se binne yn de kleuren blau, griis, en rôs te krijen. € 8,95 |
![]() |
8) Printeboek ‘Lytse Protter’ Lytse Protter is in printeboek mei bernegedichtsjes skreaun troch Baukje Ytsma en mei yllustraasjes fan Yke Reeder. Der stean sechstjin gedichtsjes yn dit boek. De iene helte is yn it Frysk en de oare yn it Nederlânsk. € 7,50 |
![]() |
9) Poppeboek ‘Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?’ ‘Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?’ is in poppeboek wear ast oantinkens oan de earste jierren fan dy poppe yn kwyt kinst. Besjoch hjir it ynsjocheksimplaar. Ast dit meinimst op poppeslok is de mem fêst bliid! € 14,95 |
![]() |
10) ‘Myn kreambesite’ – boek As de poppe letter grut is wit hy of sy neat mear fan wat elkenien sein hat tidens de poppeslok. As kreambesite kinst yn dit boek in winsk foar de lytse poppe efterlitte. Ek stiet der handige ynformaasje yn en binne der moaie yllustraasjes te sjen. Om in yndruk te krijen kinst hjir it ynsjocheksimplaar besjen! Skreaun troch Dieuwke van der Meer – Posthumus. € 3,75 |

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: