heit&mem

Coeliakie: oer de holle sjoen en ûnbegrepen

 

Coeliakie (sprek út: seuliakíé) is in opfallende namme foar in tige ferfelende oandwaning dy’t by de measte minsken better bekend is as glutenyntolerânsje. Minsken mei in glutenyntolerânsje kinne net oer gluten. Dat is in groep aaiwiten dy’t je ûnder oaren fine yn bepaalde nôtsoarten, lykas weet, rogge en spjelt. Hjouwer is op himsels glutenfrij, mar yn Nederlân is de hjouwer meastal besmet mei weet en dêrtroch kinne Coeliakiepasjinten dy nôtsoarte ek net ite. It al ynnimmen fan gluten soarget by Coeliakie foar skea oan it slymflues fan de tinne term en de termflokken. It feroarsaket boppedat in ferskaat oan búkklachten.

Janneke de Boer 8 september 2016

Neffens de Maag Lever Darm Stichting wurdt de diagnoaze Coeliakie gauris steld by bern, mar ek hieltyd faker by folwoeksenen tusken de tweintich en de tritich jier âld. Der kin net mei wissichheid sein wurde oft dy lêste groep de oandwaning al langere tiid hat of dat sy it pas letter krigen hawwe. Dochs komt it noch regelmjittich foar dat Coeliakie oer de holle sjoen wurdt, lykas by Bas en Lysbet.

Bas

Doe’t Bas krekt ien wie, makken syn âlden harren soargen om syn sûnens. ‘Bas kreeg steeds dunnere armpjes en beentjes, werd steeds bleker en wilde niet meer spelen’, seit syn mem Annet Hoekstra-Haverkamp oer dy tiid. By de húsarts kaam de famylje Hoekstra ynearsten net folle fierder as de diagnoaze pjuttediarree, wat mei wat ORS oerbetterje moast. Bas bedarre úteinlik by de bernedokter: ‘De kinderarts wist meteen waar Bas last van had. Het bloedonderzoek liet vervolgens duidelijk zien dat zijn diagnose klopte. De betreffende waarden in Bas zijn bloed waren veel te hoog. Het bleek dat Bas ongeveer een halfjaar achterliep in zijn lichamelijke ontwikkeling. Nu, vier jaar later, speelt en ontwikkelt hij zich gelukkig helemaal normaal. Het is nu een heel nieuwsgierig mannetje.’

Underwilens is lytse Bas net sa lyts mear en binne der sûnt de diagnoaze dus al fjouwer jier ferstrutsen. Hy is dan ek al hielendal wend oan syn nije ytpatroan.

 

Net te ferklearjen pine en in groei-efterstân; dat kaam fan it pesten, sei de húsarts

‘Bas weet niet beter dan dat hij niet alles kan eten, hij voelt zich ook niet anders dan andere kinderen. Als ouders vinden wij het belangrijk dat eten vooral gezellig is, mits de kinderen de benodigde vitamines en mineralen binnenkrijgen. Bas is van het type “wat de boer niet kent…”. Dit zorgt soms voor de nodige uitdagingen in de keuken, maar een oplossing vinden is tegenwoordig niet heel lastig. Wij bakken zelf glutenvrij brood, persen sinaasappels uit en eten ovengebakken patat.’ Dat lêste, ljochtet Annet ta, hat dermei te krijen dat yn bitterballen en kroketten ek gluten sitte. Troch de patatsjes nét yn it frituerfet te bakken, kin it hiele gesin dêrfan mei-ite.

‘Laatst heeft zijn klas de Klokhuisaflevering over Coeliakie teruggekeken. Dat was erg verhelderend voor Bas zijn klasgenootjes. “Oh, heb je dát!” zeiden ze.’

Lysbet

Neidat se as bern fjirtjin jier lêst hân hie fan in ferfelende mar net te ferklearjen pine, sa fertelt Lysbet Moyo-Wiersma, krige se doe einlings in diagnoaze. Fan de doktersassistinte. Hoe faak as se earder ek nei de húsarts west hie, in antwurd op de fraach wat har mankearre kaam der al dy tiid net.

‘Ik bin de assistinte tankber, mar tagelyk nim ik it ús húsarts net kwea ôf. Ek al skode hy de kwaaltsjes en de groei-efterstân ynearsten op it feit dat ik doe pest waard. Dat pesten kaam krekt om’t ik lytser wie as de oaren. It is spitich dat it sa lang duorre hat, mar de techniken wiene doe ek noch net sa fier ûntwikkele as hjoed-de-dei’, leit se út.

Nei’t de diagnoaze Coeliakie steld wie, die bliken dat Lysbet in lichaamlike efterstân fan mar leafst fiif jier hie: ‘Ik bin doe op dieet gien en stie in skoft ûnder strange kontrôle fan in bernedokter. It folgjen fan it dieet soarge derfoar dat ik in groeispurt trochmakke en ik net langer de lytste wie.’

Lysbet is sûnt in goed healjier sels mem, en se makket har wol wat soargen oer har famke: ‘Coeliakie is erflik, al kin it ek in generaasje oerslaan. Ik bin sels wol wat foarsichtich mei it jaan fan de earste hapkes. Ik wol har skielk graach teste litte, mar foarearst liket se noch net op gluten te reagearjen. Wol fyn ik it spitich dat ik har hapkes net foar har priuwe kin.’

Lysbet fynt it goed dat Coeliakie mear bekendheid krijt, sadat der mear begryp ûntstiet en der mear bern en folwoeksenen op in earder momint diagnostisearre wurde kinne.

Se wol âlders dy’t mei Coeliakie te meitsjen krije dit noch meijaan: ‘Der binne tsjintwurdich in protte glutenfrije produkten te krijen. It is gjin swiere lêst. As je ienris witte wêr’t je op lette moatte, fine je dêr wol in wei yn.’

Boekentip: 500 glutenvrije gerechten

9200000005798163

 

 

 

Troch: Janneke de Boer
Ut: heit&mem nr. 1 2006

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.