Fotoboek
Wienen myn âlden ek sa fanatyk? Ik leau it wol. Fan doe’t ik sels in baby wie, binne der aardich wat foto’s en fan myn basisskoaltiid binne ek genôch kykjes makke. Earst kamen dy noch kreas yn in fotoboek, as keurich platdrukte planten yn in herbarium, letter faker sûnder tekst of jiertal yn doazen. Ik bin gek op dy âlde fotoboeken.
Tsjintwurdich kinst sa’n boek digitaal meitsje. Hippe filters en allerhande lay-outs stean ta ús beskikking. Net te dreech fansels, want elkenien moat it kinne. Ja, ik ek. Ik wie fan doel om alle moannen in kar út in stikmannich foto’s te meitsjen en dêr in boek fan Hidde syn earste jier fan te meitsjen. Moai idee, leuk ek foar de pakes en beppes.
Underwylst bin ik al mear as in jier dwaande en is dat fotoboek noch net klear. Geregeld freegje ik my ôf hoe’t dat no komt. Haw ik tefolle foto’s makke? Fyn ik it dreech om in keuze te meitsjen? Of hâld ik dat jonkje, foar wa’t alles noch begjinne moat, gewoan net by? Dy kear dat er fia de poef yn it finsterbank bedarre stiet net op ‘e foto. En hoe’t er seach doe’t er foar it earst de sinne op syn gesicht fielde ek net. En dy blik yn syn eagen doe’t er foar it earst snie seach likemin.
Gelokkich wit ik dy dingen allegear noch wol. Dat komt troch it boekje dat ik sûnt syn berte byhâld. Under fjouwer eagen praat ik dêryn tsjin myn soan en fertel him wat er allegear docht en seit. Wit troch it boekje dat ien fan syn earste wurdsjes ‘Hidde’ wie. En syn twadde: ‘a-goe’. Wat dat ek betsjutte mei.
Mar wêrom’t ik alles fêstlizze wol? Doch ik dat miskien om der letter op weromsjen te kinnen? Tink it wol. Meitsje wy foto’s foar de mominten dat wy ûnwennich fan ús bern binne. Skriuw ik stikjes oer him om dizze tiid net te ferjitten. Wylst hy skielk op syn scooter fuortracet om nei ien of oar feest te gean, blêdzje ik troch it fotoboek. Troch it herbarium mei oantinkens.
Fan myn frou hoecht it fototastel trouwens net altyd mei. It boekje ek net. Sy docht it op har eigen manier: ‘Paul, ik ûnthâld it wol’.
PS Iepene niiskrekt de fotoboek-software om fierder te gean mei it fotoboek. Krige dit berjocht:
Helaas kunt u deze software niet meer gebruiken. Download hier de nieuwe software.
Ik kin wer op ’e nij begjinne.
Ut: De Lytse Heit & Mem 2016/2017

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: