heit&mem

Fryske oersettings fan Dick Bruna

Fryske oersettings fan Dick Bruna

Joukje de Jong 28 september 2016

Nijntje is ûntstien yn 1955. Dick Bruna fertelt tidens in fakânsje elke jûn in ferhaaltsje oan syn soan Sierk. Hy fertelt oer in knyntsje dy’t yn de tún fan it fakânsjehúske omrint. Doe’t Dick wat siet te tekenjen ûntstie Nijntje. Hy fûn it leuker om in jurkje te tekenjen dan in broekje, dêrom makke hy in famke fan Nijntje.

unknown-2

Leave beppe pluis- Beppe pluis is deagien. Nijntje hie in protte fertriet, lyk as pake pluis en tante Trijn. Heit spruts noch in pear wurden op de begraffenis. Doe gie de kiste yn de grûn. Nijntje brocht soms blommen nei beppe leave pluis, want beppe wie gek op blommen. Dit boekje is skreaun op rym. By elk plaatsje stean in pear rigels. De offisjele ferzje is skreaun troch Dick Bruna.

€ 6,00
Hjir te bestellen 

   

Nijntje op ‘e buorkerij- Nijntje is op ‘e buorkerij. Se sjocht guozze, einepykjes, kij en in wollich wyt skiepke. Yn dit boek kinst mei nei de buorkerij en sjen watfoar bisten der noch mear binne. Kinst fiele oan de stofkes en riede wat der achter de lûkjes ferstoppe sit.

€ 12,50
Hjir te bestellen 

product_3951_0

Lytse pluis- Op in moaie maitiidsdei fertelle heit en mem pluis wat oan Nijn. Der komt in lytse poppe oan. Se is tige bliid en makket fan alles foar lytse pluis. As lytse pluis der is mei Nijntje traktearre op skoalle mei beskuten. Dit boekje op rym is makke troch Dick Bruna en letter oerset yn it Frysk.

€ 6,00
Hjir te bestellen

product_4773_0

Nijntje yn it museum- Nijntje giet mei heit en mem nei it museum. Se hat allegearre keunst sjoen. Skilderijen mei in list, bylden fan bearen en kninen en in mobile yn de loft. Nijn fynt alles sa prachtich. Se wol letter ek keunstner wurde! Skreaun troch Dick Bruna en letter oerset yn it Frysk. 

€ 6,00
Hjir te bestellen

product_1009_0

Pake en beppe pluis- Nijntje is op besite by pake en beppe pluis. Se kriget in reade autopet fan pake. Nijntje autopettet troch de tún, mar op it letst wurdt Nijn wurch. Dan giet se nei beppe pluis. Beppe kin goed breidzje. Nijntje wol it ek leare. Se makket in omslachdoek foar beppe. Nei it kopke tee giet se wer werom nei heit en mem. Dick Bruna hat dit boekje op rym makke en it is letter oerset troch Akky van der Veer. 

€ 6,00
Hjir te bestellen

 

 

product_2011_0

Fûgel pyt- Fûgel Pyt is treurich. Hy is nammentlik hielendal wyt. Syn freontsjes hawwe in idee? Hoe geane se Pyt syn probleem oplossen? Om dêre efter te kommen matst dit boekje sels lêzen gean. Dick Bruna hat tal fan berneboekjes skreaun. Spesjaal foar de Friezen binne der in rige fan boeken oerset. De measten tinke by Dick Bruna oan Nijntje, mar hy hat ek oare boeken skreaun wêrûnder Fûgel Pyt. 

€ 6,00
Hjir te bestellen

product_4190_0

Stoepkant…stop!- Dick Bruna hat dit boekje spesjaal foar pjutten makke. It giet oer oerstekken. Sa kinst geandewei dyn lytske bekend meitsje mei it ferkear foardat hy of sy aanst nei skoalle moat. Ek aardich om tegearre te lêzen! Sjocht hjir foar mear yn it Frysk oersette boeken fan Dick Bruna. 

€ 6,20
Hjir te bestellen

 

Tip: Dizze en mear boeken fan Dick Bruna binne ek yn it Nederlânsk te krijen. 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!