heit&mem

Bôlebriefkes

Joukje de Jong 28 september 2016

Jildou en Kim meitsje alle wiken in pear ‘bôlebriefkes’. Dat binne briefkes, yn it Nederlânsk én Frysk, dy’t heiten en memmen fergees printsje kinne fia www.broodbriefjes.nl en by harren bern yn de bôlebakjes dwaan kinne. Op de briefkes steane bygelyks skouderklopkes, tegoedbonnen – foar in iisko, in steapel pankoeken of hiel lang tegearre boekje lêze – mar ek riedsels en nijsgjirrige teksten oer de sân wûnders fan ’e wrâld en de planeten.

 
It idee is ûntstien trochdat Jildou en Kim sels regelmjittich briefkes mei leave wurden, in tekening of soms sels hiele ferhaaltsjes yn de bôlebakjes fan harren bern dienen. Dat waard in hieltyd grutter sukses. Undertusken fine bern yn hiel Nederlân de bôlebriefkes fan Jildou en Kim yn harren bôletrompke. En soms wurde de briefkes sels foarlêzen yn ’e klasse.

Klik op de plaatsjes hjirûnder om de briefkes út te printsjen.

 

SJOCH HJIR FOAR MEAR FRYSKE BOLEBRIEFKES

 

Jufenmeester_fijne_vakantie kopie Fakansje_noch_X_nachtsjes Opstekker_ik_bin_grutsk_op_dy Frysk_Opstekker_set_m_op_hjoed

 

Sjoch hjir foar moaie duorsume bôletrompkes!

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!