heit&mem

Utfanhúzje

As bern sa no en dan útfanhúzje kin it dêr in protte fan leare. It wurdt der selsstannich fan en it fergruttet syn selsfertrouwen. Bern leare dat se it bêst gesellich hawwe kinne ek al binne se in nacht net thús. Guon bern (mar soms ek de âlders) binne benaud dat bern ûnwennich wurde sille.

Ciska Noordmans 5 juli 2021

It is goed om tiid te meitsjen om te fertellen dat jim soan of dochter earne oars sliepe sille, gjin wiken fan te foaren want soks ferheget allinne mar de spanning. Troch tegearre der mei dwaande te wêzen krijt in ‘nije’ ek in plakje, pak begelyks tegearre in taske yn en ferjit de knuffeltsjes net mei te nimmen. En as jim dan tegearre te plak binne op it útfanhúsadres, meitsje dan it ôfskie net te lang en belje net krekt as bern op bêd sille want dan komme wis de ‘waterlanders’!
Alle earste kearen binne in lyts drompeltsje dat nommen wurde moat. En net alle bern sille like maklik út fan hûs gean. Guon fine it in grut aventoer en oaren in net te nimmen festing. Kinst it stapke by stapke opbouwe. Kinst bern earst ris oerdei in pear oeren sûnder heit en mem op it oppasadres litte, dêrnei ek it jûnsiten derby en by in folgjende stap kin bern begelyks ek sliepen bliuwe.

Krijst in útfanhuzer oer de flier?
Nim de tiid en lis bern út wat der dy dei op it programma stiet. Aldere bern kinne in hiele dei oersjen mar betink dat pjutten en beukers tiid oars mei tiid omgean. Dan helpt it ast seist ‘nei it middeisiten..’. Fertel bern dudelik wannear’t se wer ophelle wurde.

Alfêst oefenje
Sille bern by pake en beppe út fan hûs? Lit pake of beppe dan thús in kear de bern op bêd bringe. As bern der net oan ta binne, lit it dan noch eefkes gewurde. It idee moat wenne en as jim bern fertroud is mei de ‘oppasser’, wurdt it idee nei ferrin fan tiid oangenaam spannend!

Grutsk!
As it ‘útfanhúzjen’ slagge is, binne bern hiel grutsk. In ekstra komplimentsje is op syn plak en it makket útfanhúzjen foar in oare kear wer makkeliker; de foarige kear gie it ommers ek goed! Dêrby hawwe bern no ek leard dat net oeral deselde rigels binne as thús. Dat kin ek hiel ferhelderjend wêze.

Oei! 
As it sliepen net wol, spring net fuort yn ’e auto om soan of dochter op te heljen. Wol it echt net en wurdt it de slieperij in drama, dan sit der neat oars op. Ommers foar bern en oppasser moat it wol leuk bliuwe!

 

Boeketip: By Beppe útfanhûs!

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.