De Fryske fakânsjeboeken top 3
Nr. 1 : Bêste jonge (Geart Tigchelaar)
In relaasje tusken man en frou, dat leit soms wat yngewikkeld. Sa ek by Tine en Jarich. Tine liket tefreden mei har libben, mar benammen Jarich krijt it geregeld benaud fan it feit dat alles al sa’n bytsje fêst leit yn syn libben. Risiko’s nimme, it ûnferwachte in kâns jaan, in heger lok sykje, dêr giet de nije roman fan Geart Tigchelaar oer.
It boek is hjir foar € 14,50 online te bestellen.
Nr. 2: Frisum triology (Hilda Talsma)
Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda Talsma oer it doarp Frisum bondele. Dit boek is geskikt foar in breed publyk: meinimmend, humoristysk en mei in oansprekkende styl.
Hilda Talsma nimt de lêzer mei fleur en faasje mei yn it libben fan de ynwenners fan it moaie doarpke Frisum. In doarp lykas safolle oare doarpen yn Fryslân. De minsken hâlde wol fan in fersetsje, en as it dan feest is wolle de oars sa deeglike maskers noch wolris weifalle en wurdt der hjir en dêr flink bûten de stringen stapt. Dat leveret bytiden hilaryske sitewaasjes op, mar ek pynlike mominten, dy’t foar elk werkenber binne.
It boek is foar € 19,95 hjir online te bestellen.
Nr. 3: Paadwizer (Eelkje Tuma)
Sjoernaliste en oersetster Marike wol in feroaring yn har libben oanbringe. Se wol brekke mei in âld patroan. Om hielendal los te kommen fan har âlde libben giet se nei Noard-Sweden om dêr op besite te gean by Lena Matsson, in Sweedske skriuwster dêr’t sy in boek fan oersette sil. De besite wurdt in syktocht. In syktocht nei de skriuwster Lena, mar benammen ek in syktocht nei, en in konfrontaasje mei harsels….
It boek is foar € 17,50 hjir online te bestellen.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: