heit&mem

Tegearre swimme

Ciska Noordmans 12 juli 2016

Wat ûndernimme mei dyn lytse poppe of pjut kin hiel gesellich wêze. It fersterket de bân tusken âlder en bern as jim beide genietsje. En in bykommend foardiel: ast yn in groep wat ûndernimste, trefst ek oare heiten en memmen. Hjir fynst ien fan de favorite aktiviteiten fan heit&mem-Facebookfolgers. Sels noch eefkes googelje foar in oanbieder tichtby.

Babys genietsje fan it gefoel dat se hast driuwe yn it wetter; sjochst de wille as se mei hantsjes en fuotsjes slane. It is moai om te sjen hoe’t babys genietsje, en dêrby fersterket it ek jim ûnderlinge bân. Ommers, as jim tegearre swimme moat de poppe op dy rekkenje kinne, en fansels moatsto derop fertrouwe kinne dat dyn lytse sprút al hiel wat mânsk is yn it wetter. Kinst mei lytskes fan twa moanne ôf te swimmen gean.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!