heit&mem

‘Werom net?’ 

Tine Haantjes 11 juli 2016

Ik lis noch op bêd as ik betink dat in bakje kofje my lekker smeitsje soe. Tsjin ús soan fan 10 sis ik wer ‘t ik sa’n sin oan ha. Hy antwurdet: ‘dan wol ik wol kola!’ En werom mei dat net? Kofje is toch ek net sûn? Us grutte faam fan 13 komt sizzen dat se nei skoalle giet. Ik lit har witte dat ik út bed sil, fanwegen de kofje. ‘Oh’, seit sy. Mear net. 

Ik bin benijd wat de oaren sizze. We ha fjouwer bern. Alle fjouwer deselde heit en mem. Mar hiel ferskillend. De jongens tsiere op it momint ôfgryslik mei inoar. De jongste leart in stim op te setten at it har net nei’t sin is. Us âldste giet har eigen gong, hâld har goed oan ôfspraken en mei graach ris op de jongsten passe. 

At ik myn winsk útsprek oan ús jongste dochter fan 3, seit se dat sý op it knopke drukke wol. Har broer fan 7 giet gau nei ûnderen. At ik yn de keuken kom, stiet er foar de Senseo, it ljochtsje knipperet. Der moat wetter by. At dat slagget bringt er it gleone kopke by my oan tafel. In heech stimke âlet: ‘dat woe ík dwaan!’ 

Yn it boek ‘Waarom ben ik mijn broertje niet’ sizze se dat dyn karakter net it meast foarme wurdt troch dyn âlders, mar inkelt troch twa saken: dyn geslacht en it plak yn it gesin. Der binne trije types: âldste, middelste en jongste. De fjirde kriget wer deselde skaaimerken as de âldste, en sa fierder. 

Ik besef dat ús bern in protte fan inoar leare. Fan it protteljen. En fan it wille meitsjen. Fannemoarn joegen se inoar noch in pear dikke krûpen, ien fan harren giet op kamp. 

 

Tine (40) is mem fan 4 bern (3 – 13) en is juf fan groep 7 en 8.

 

‘Waarom ben ik mijn broertje niet’ is hjir online te bestellen.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!