heit&mem

Sân mei testosteron

Tine Haantjes 11 juli 2016

Us mantsje fan 7 kin geweldich fuotbalje. Hy spilet eltse tsjinstanner foarby. Ek syn grutte broer. Heit hat al fisjoenen fan in kontrakt bij SC Hearrenfean of Cambuur. Hy mei ek sa graach gymnastykje en crosse troch it bosk. Syn nije mountainbike wie in rip út ús liif, mar is goed bestege. 

Juf fynt him de lêste tiid wat drok yn de klasse. Yn groep 3 moatte je fansels ek stil sitte kinne. Dat slagget him net altyd. Ûnder it lêzen wiebelt er op ‘e stoel. Hy fynt it lêzen noch lestich. It mantsje hat ek safolle testosteron yn it liif. Fannemiddei mei it bôle-iten hipte er elke kear fan syn stoel. Hy springt sa oer de rêchleuning fan de Triptrap. Mar dan betinkt er: we moatte opsjitte! Gau wer nei skoalle! Huh? It is tiisdeitemiddei, mem. Dan boartsje we mei groep 2. 

Ik lês dat bern op skoalle better prestearje at se der by bewege. Dan kinne de beide harsenshelten better gearwurkje. Bern mei dyslexie ha it krûpen faaks oerslein, dat hat der ek mei te krijen. Dat watsto leare wolst, bliuwt better hingjen ast der by beweechst. Der giet mear bloed en soerstof nei dyn harsens. Der binne skoallen mei hiele beweeg-programma’s. Bern bewege mear op it plein, by de gym en tusken de lessen troch yn de klasse. It klinkt my as muzyk yn de earen. 

Hjoed fytst ús jonkje nei skoaltiid daliks in pear kilometers nei pake en beppe. Boartsje yn de skuorre, touwen spanne en springe op ‘e trampo. It kin dêr allegearre. Stipt healwei 6 stiet er mei in smile fan ear oant ear yn de doariepening. Noch net ite? Moai, dan kin ik noch krekt eefkes fuotbalje! Wat in testosteron. Soest der jaloersk op wurde! 

 

Tine (40) is mem fan 4 bern (3 – 13) en is juf fan groep 7 en 8.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!