Mozes en de Roosvicee
Niks moaiers as útspraken fan bern. Harren logica en fersprekkingen. Sjochst se yn blêden en skoalkranten. Soms tinkst: it kin hast net wier wêze. Mar ast der ear foar hast, hearst it om dy hinne.
Doe’t myn man en ik tegearre ris oer grutte-minske-saken praten, wie der wat dat ús neat ôffûl. Us Pieter, doe in kleuter, pakte syn board mei bôle op. Hy hold it skeef en sei: ‘it falt der by my ek net ôf’. Us Janne (3) stie de fytsers fan de Alvestedetocht oan te moedigjen. Krekt as har buorfamke hold se in briefke omheech. Ik hie der Suc6 op skreun. Janne rôp: ‘sukseks!’ De dielnimmers fytsten der net hurder fan. Se laken al.
Laitsje om in fersprekking. Prachtich! Ast it net opskriuwst, bist it gau ferjitten. Pakes en beppes kinne folle better ûnthâlde. Hidde seach mei beppe nei de driigjende loft en sei dat der in soer skip mei appels oan kaam. Hy heart it noch gau ris. It wurdt sa in moai femylje-ferhaaltsje. Wy songen froeger oer hoe’t Mozes troch de Roosvicee kaam. It is yn dizze foarm ek in tophit yn ús gesin.
Foar ús âldste hie ik in boekje. Ik skreau op wat ik hearde. Nei jierren lês ik it wer. Us Nynke (2) hie in eigen ferhaaltsje op de laptop typt. ‘No’, sei ik, ‘dan moatte we it mar opslaan’. Nynke joech in klap op it toetsenboerd en sei: ‘dat ha’k al dien mem!’ Yn 2007 hat se grut nijs: Lobke har baby is jierdei! Ha! Moai dat Lobke har suske precies op de jierdei berne is. Se freget yn dy tiid ek at heit leuk fuotballe hat. We ha 4-0 ferlern. Wêrop se antwurdet: ‘wêr binne dy ballen no dan?’
De moaiste útspraken. Goed lústerje, eefkes laitsje en gau opskriuwe!
Tine (40) is mem fan 4 bern (3 – 13) en is juf fan groep 7 en 8.
Boeketip: Wat zeg je?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: