Hoe groeit in appel, mem? yn de supermerk?
Dieuwke van der Meer 9 mei 2016
Yn april en maaie steane de measte fruitbeammen yn bloei. Lytse bledsjes falle fan de blomkes en der bliuwt in hiel lyts boltsje oer. Dat hiele lytse boltsje is it begjin fan in moaie grutte appel, kers.. of oar fruit. Ast sels gjin fruitbeam yn de tún hast, dan kinst de bern meinimme nei in pluktún, sa as bygelyks ‘De Fruittuin’ by Eastermar, ‘Frytsjam’ yn Twizel of ‘Simmerfruit’ yn Noardburgum.
Mar jim kinne fansels ek by it túnsintrum in eigen beamke helje en yn in grutte pot sette, wetter jaan, rûke en sjen hoe fluch de frucht groeit!
Ut: heit&mem 2016, nr 1
Pssst! in kadootsje foar mem

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: