heit&mem

Noait in dei sûnder diabetes

Diabetes. Ast it hast, hast it foar altyd. Eltse dei prikke, rekkenje, iten weagje en alert wêze. Hoe is dat, as dyn bern fan 5 jier diabetes hat? Of in sportyf famke fan 13? Hoe witst datst it hast en wat komt der oan te pas? “Kinst der âld mei wurde”, hearre de âlden fan Rianne en Ilan gauris. ‘Dat is wier, mar bist ek gjin dei sûnder.’

Nynke Stallinga 13 november 2019

Rianne (13) út Winsum kin poerbêst keatse. En se hat diabetes. It iene hat neat te krijen mei it oare. Tagelyk is it wol efkes spannend hoe’t de kombinaasje wêze sil. Want Rianne hat noch net sa lang diabetes. Ein septimber foarich jier is it fêststeld. Doe wie it keatsseizoen oer.

It is simmer 2013 en Rianne drinkt in hiel soad. Bygelyks alle tolve pakjes drinken dy’t mei binne as it gesin in dei nei Skylge is. It famke gniist. ‘Ik hie gewoan toarst! Op skoalle dronk ik wol trije liter wetter. En ik moast hiel faak nei de wc.’ Mem fertrout it op in stuit net mear en makket in ôfspraak by de húsarts. ‘We koene foar skoaltiid wol efkes komme. Rianne har bloedsûker wie 17. De normale wearden lizze tusken de 4 en 8 mmol per liter. We moasten drekt troch nei it sikehûs.’ En dêr bleau it famke seis dagen.

It gesin rekket yn in achtbaan. In ‘spoedkursus diabetes’, sa’t Rianne it útdrukt. ‘De diëtiste komt, ferpleechkundigen, dokter. Der komt sa’n soad op dy ôf. Ik snapte earst net alles.’ Dat is no wol oars. Se leit mei help fan in plaatsje út wat der oan ’e hân is. ‘Myn alfleisklier makket gjin ynsuline oan. Ynsuline is eins it sleuteltsje dat in sel yn it lichem iepent, sadat de glukoaze út it bloed nei binnen kin. Glukoaze hast noadich om te groeien en te bewegen en sa.’

Rianne prikt sels om har bloedsûker te mjitten. Tegearre mei mem rekkent se moarns út hoefolle ynsuline oft se spuitsje moat yn kombinaasje mei de aktiviteiten fan dy dei, en se weagje har iten. ‘As ik mei de bus nei skoalle gean, spuitsje ik wat mear as wannear’t ik op de fyts gean.’ Op skoalle yn Frjentsjer – Rianne sit yn de twadde fan it vmbo – is se goed opfongen. ‘Myn freondinnen helpe my. Ik moat altyd earst prikke foardat ik myn iten opite kin. Dat doch ik yn it ynvalidetoilet en dan giet der wolris ien mei.’

Ek de leararen hâlde der rekken mei. It hat foaral yn it begjin hiel wat triennen koste. ‘En no noch wol’, seit mem Imca. ‘In soad minsken sizze “se kin der âld mei wurde”. Dat is ek wol sa, mar moatst der altyd om tinke. Se docht it no hartstikke goed, mar bliuwt dat ek sa?’

It binne soargen dy’t ek de âlden fan Ilan (5) út Dokkum hawwe. It jonkje hat no rom trije jier diabetes. ‘Hij weet niet beter, maar je zou zo graag willen dat hij een onbezorgde jeugd heeft’, seit mem Rosanna.
Elts jier, op de dei dat de diagnoaze steld waard, hat Ilan syn ‘suikerfeest’. Heit Leo: ‘Dan mag hij alles eten waar hij zin in heeft. Pannenkoeken, patat; alles wat niet zo verstandig is. De consequentie is dat wij er ’s nachts nog vaker uit moeten, maar dat hebben we ervoor over.’

Ilan hat in pompke dêr’t Rosanna en Leo de sûkerwearde op ôflêze. Troch de sensor dy’t Ilan ek hat, giet der in alarm as syn sûker te heech of te leech is. ‘Ilan voelt het zelf nog niet zo goed aan.’

Omdat Ilan noch jong is, komt alles op syn heit en mem oan. It is in hiele toer om dêr in wei yn te finen. ‘Het is spannend, je bent bang. Doen we het wel goed?’ De ympekt is enoarm. As Ilan bûten boartet is it altyd yn de buert fan syn hûs. Syn mem hâldt him goed yn ’e gaten. By in freontsje thús boartsje is lestich.

Se krije it foar de kiezzen, de âlden fan Rianne en Ilan. En de bern sels ek. Kontakt mei bern dy’t ek diabeet binne of mei minsken dy’t witte wat it ynhâldt, is fijn. Rianne hat oan in clinic fan de Bas van de Goor Foundation meidien. Ilan hat sûkelade makke mei in aktiviteit fan DiaFrys (sjoch kader). ‘Er waren nog meer kinderen met diabetes’, wie de reaksje fan Ilan doe’t er thúskaam. En ek foar Rianne wie it in ferromming om net de ienichste mei diabetes te wêzen.

 

DiaFrys

Yn DiaFrys wurkje de diabetesteams fan de fiif sikehuzen yn Fryslân gear. DiaFrys biedt 24/7 soarch foar bern mei diabetes. Bûten kantoaroeren is altyd in bernedokter berikber. DiaFrys organisearret ek edukative middeis en ynformaasjejûnen foar skoallen.

Sjoch foar mear ynfo op www.diafrys.nl en www.bvdgf.org

Ut: heit&mem 2014, nr 1
 

Tip: Diabetes hawwe, en lekker ite, dat kin. Hjir in itensiedersboek diabetes.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!