Renske wol stoer wêze
Renske har mem wol net mear by har heit wenje. En dêrom ferhúzje mem en Renske nei in oar plak. In nij doarp, in nije skoalle, nije bern. Mar hoe kinne dy nije bern nije freonen wurde? Renske wol der o sa graach by hearre, mar dat falt net ta.
Al op ‘e earste skoaldei moat se opbokse tsjin de populêre Ganna en Seakle, dy ‘t it har net maklik meitsje. Tusken ‘e middei mei se gelokkich nei har pake. In bysûndere man, dy’t yn in bysûnder hûs wennet mei allegear bysûndere dingen der yn. Se fertelt him oer it pleagjen op skoalle. Pake pakt der in âld boek by en hy fertelt har in nuver ferhaal oer syn striid mei in monster. Dan blykt it âlde boek net in gewoan boek te wêzen mar in hiel magysk boek. De haadpersoanen der ‘t pake en Renske oer lêze, stappe samar út it boek! En elk fan de wûnderlike wêzens hat wol in goed idee oer hoe ‘t Renske freonen meitsje kin. Mar oft it dêr no better fan wurdt…?
Respekt foar Renske. Al op ‘e earste dei op har nije skoalle wurdt se negearre, útlake en krijt se it mei de juf oan ‘e stok. En toch giet se nei skoaltiid fleurich en nijsgjirrich nei har pake. Dat se sa iepen is, makket har echt stoer. Se is net fan doel om fan de pleagerijen te lijen te hawwen en nimt alle rie dy ‘t se krijt graach oan. Wat dan miskien ek wer net it alderhandigst is…, mar dat fynt se dan wol moai sels út. En hoewol ‘t de pake fan Renske oan alle kanten in hiel bysûndere man is, is er ek gewoan in hiele leave pake, dy ‘t úteinlik sels de bêste rie jout.
“Renske wol stoer wêze” is in hiel flot boek oer it meitsjen fan nije freonen. Dêr binne wol mear boeken oer. It leuke fan dit boek is dat de “goede” advizen út wol hiel bysûndere hoeke komme. By ús op ‘e râne fan it bêd fielden wy op ús klompen oan, dat it mei dy advizen net goed komme soe. Mar… soene wy dat ek oanfield ha, as it de rie oan ússels wie? En fan gewoane minsken út ús eigen omjouwing? Want sa nuver en bysûnder binne de advizen net. Sterker noch, ik hear se noch wolris foarby kommen (en se wurkje faak like goed/min as by Renske). Hmm, ynteressant….
Sjoch foar mear boekbesprekkingen fan Tante Tjits op har webside.
Renske wol stoer wêze is hjir online te bestellen.
‘Renske wol stoer wêze’ is skreaun en tekene troch Paul van Dijk (depenvanpaul.nl) en is foar bern fan 9 jier en âlder
Besjoch hjirûnder it filmke dat by it boek heart.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: