Mei bern wrâldnijs beprate
Bliuw sels rêstich. Bêrn fiele de eangst fan âlders en nimme dizze oer. Nim de eangst fan bern serieus seit Child Focus, kinst bgl sizze ‘wy fine it ek erch, en binne bang/fertrietlik’ mar hâld dyn gefoel ûnder kontrôle. Deistige rûtines jouwe rêst, in hâldfêst yn dyn eigen libben en dat fan bern. Der moat romte wêze om de trie wer op te pakken mei boartsjen.
Praat oer wat bard is en doch der net geheimsinnich oer. Prebearje út te finen wat bern sels al witte en hoe’t bern mei it nijs omgean. Besykje dêrop te stjoeren. Child Fokus: ‘Fan in bepaalde leeftyd ôf is it net winsklik om bern fan nijs te isolearjen. We meie har net opgroeie litte yn in gouden koai’. De hiele dei de tillevyzje oan mei eangstige bylden wakkeret eangst oan, kinst dy faaks beperke ta it fertellen fan de nijste ynformaasje. Lit bern sels fertelle wat se al witte en heakje dêr opoan. Eangstige foarfallen kinne ek it gedrach fan bern bern feroarje (sliepe, boartsje ensfh). Nijs is nijs omdat soks selden foarkomt. Net oeral is it fuortendalik ûnfeilich. En beneam ek de positive aksjes fan de helpferlieners, de ferieniging (‘verbroedering) fan de minsken.
Mei âldere bern ((pre-)pubers) kinst ek sels it ûnderwerp oansnije want ek dizze bern kinne har eangstich fiele. Dizze leeftydsgroep tinkt nei oer de maatskippij, polityk ensfh. Sy hawwe foarlet fan in rasjoniel gesprek oer eangst.
heit&mem bassearret boppesteande tips op advizen fan Child Fokus, psycholooch Erik de Soir en Sibille Declercq fan de berne/jongeretillefoan Awel.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: