heit&mem

Stikem lêze is it aldermoaist

Mei glunderjende eachjes ploffe Abby (8) en Maxime (9) yn in hoekje fan de bibleteek del. Dêr, efter de hege boekerekken by it grutte rút, is harren eigen plakje. De winkelkuorkes fol boeken wurde eigenwiis yn ’e midden set. Stadichoan feroaret de flier yn in see fan boeken. De famkes sitte dêr middenyn. It útsykjen kin begjinne. En dat giet it bêste op bleate fuotten.

Nynke van der Zee 22 maart 2016

Eltse tongersdeitemiddei fytse Abby en Maxime út skoalle wei nei de bibleteek yn Grou. De famkes sitte sûnt dit jier by elkoar yn groep 5 en binne gek op lêzen. Der is dan ek gjin moaier plakje as tusken de tûzenen boeken. Drok keuveljend skarrelje se fan rek nei rek. Fan hynsteboek oant Kameleon, alles komt yn it plestik kuorke. Ek ynformative boeken oer stjerren en planeten falle yn de smaak. ‘Mijn moeder is astrologe’, fertelt Abby. ‘Dat wil ik later ook.’

Mûsstil hoecht it yn in bibleteek al lang net mear te wêzen

Wilma Quarré fan Biblioteken Midden-Fryslân laket as se de famkes entûsjast sykjen sjocht. ‘De tantes neam ik se. Se babbelje hiel wat ôf. It is prachtich om te sjen hoe’n lêshonger oft dy froulju hawwe. En se binne sa ôfgryslik spontaan.’ Undertusken hat Maxime in boek oer hûnen fûn. Mar foardat er yn it kuorke giet, wurdt earst Abby har miening frege. Se hâldt it boek omheech. ‘Ja, die is leuk’, ropt Abby dy’t in eintsje fierderop stiet. Mûsstil hoecht it yn in bibleteek al lang net mear te wêzen, fynt Wilma. ‘It moat in plak wêze dêr’t jong en âld him thús fielt.’

Nei de bibleteek gean is in útstapke wurden

De ôfrûne jierren is der hiel wat feroare yn de Fryske bibleteken. Koe der eartiids allinnich keazen wurde út boeken, tsjinwurdich steane der kasten fol tydskriften, dvd’s, cd’s, kompjûterspultsjes, lústerboeken en is der sels boartersguod te finen, yn de spesjale speel-o-teek. Yn in Beleef Bibliotheek is fan alles te dwaan foar eltsenien fan lyts oant grut. Noflik mei in kopke kofje en in stikje appelgebak de krante lêze yn ’t lêskafee, wylst de bern harren fermeitsje efter de kompjûter. En wat te tinken fan de foarlêsmiddei  mei Tomke foar de lytskes. Nei de bibleteek gean is hjoed-de-dei echt in útstapke wurden.
tomke

De kompjûter is net mear wei te tinken út it deistich libben. Dus ek net út de bibleteek. Ynformaasje sykje, nei muzyk harkje of spultsjes dwaan. De iepenbiere bibleteek yn Grou dielt de mediateek mei skoalmienskip OSG Sevenwolden. Moarns betiid wurdt de romte brûkt troch de skoalle, foar lessen ynformatika. As de bibleteek iepengiet, is de tagong frij en mei eltsenien fergees efter de kompjûter krûpe. ‘Bern dogge graach spultsjes mar op it netwurk steane ek goeie databanken mei ynformaasje foar wurkstikken of in boekbesprekking’, leit Wilma út.

Foarlêzen stimulearje

Geregeld komme groepen fan de basisskoalle op besite. Bern meie dan in boek útsykje, dat se ûnder it frij lêzen yn ’e klasse pakke kinne. Mar ek pjutten binne in wichtige doelgroep. Dit jier die de bibleteek mei oan it Frysk fertel- en foarlêsfestival. ‘Yn juny kaam Tomke lâns om pjutten foar te lêzen. Skitterjend om te sjen hoe moai’t se dat fine’, glimket Wilma. ‘Foarlêze op jonge leeftiid is tige wichtich foar de taal- en spraakûntwikkeling. Dêr leit foar ús as bibleteek in taak: om âlden dêrby te stimulearjen.’  

Meielkoar plaatsjes besjen, dêr ferhaaltsjes by betinke en foarlêze. It leart de pjutten net allinnich hoe’t de wrâld derút sjocht, it befoarderet ek harren fantasije en konsintraasjefermogen. Hoe earder oft  dêrmei begûn wurdt, hoe better. Dat is ek de reden wêrom’t alle bibleteken yn de gemeente Boarnsterhim alle jierren oan de Nasjonale Foarlêsdagen meidogge. Pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen wurde útnoege foar in besite. ‘Wy wolle âlden sjen litte dat it foarlêzen it ideale momint fan de dei is om tiid foar jo bern te meitsjen. Prate, lústerje en foaral meielkoar laitsje.’

Ik lees ook heel vaak stiekem als ik in bed lig

Beide famkes binne it oer ien ding iens. In goed boek útsykje is in hiel aventoer. Abby: ‘Soms lijkt een boek stom, maar als je dan gaat lezen is ’ie toch heel leuk.’ Maxime laket geheimsinnich. ‘Ik lees ook heel vaak stiekem als ik in bed lig. Dat is het allermooiste’, flústeret se. Abby hat de syktocht al wer ynset. ‘Kom, laten we bij de konijnen kijken!’

 

Op syk nei in leuke boekekast foar bern?

 

Ut: heit&mem 2010, nr 3

 

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!