heit&mem

Ferdwynt de basisskoalle út it doarp?

Monique Flinker 30 augustus 2023

Fryslân telt hieltyd minder ynwenners. Dat hat gefolgen foar de foarsjennings. Benammen yn de doarpen ferdwine winkels, ûndernimmers, mar ek skoallen. En dat lêste makket it foar guon âlders lêstich om in goeie skoalkar te meitsjen.

Ein maaie, begjin juny komme de earste útnoegings binnen: “Us skoalle hâldt op te bestean, noch ien kear in grut feest”. It tal basisskoallen dat tichtgien is de ôfrûne jierren rint tsjin de hûndert. En dat makket de kar foar in skoalle somtiden beheind. Kieze je foar in lytse doarpsskoalle om ’e hoeke dy’t op de râne fan sluting stiet? Of stjoere je je bern nei in gruttere skoalle kilometers fierderop, om’t je der wis fan binne dat dy der oer fiif jier noch wol is?

Ouders zijn mondiger geworden

Hoe dan ek, de rol fan âlders op in skoalle is de lêste jierren bot feroare, benammen as it giet om lytse skoallen. ‘Ouders zijn mondiger geworden’, fernimt ek Wilma van de Venn, direkteur fan ûnderwiiskoepel Primus. Sy operearret benammen yn it súdeasten fan de provinsje. De krimp set dêr ek de kommende jierren troch. En dat jout útdagings.

Underwiisteams

Primus hat dêrom in pear jier lyn in oanfalsplan betocht om sluting fan lytse skoallen safolle as mooglik foar te kommen: ûnderwiisteams. Yn stee fan per skoalle ien team fan learkrêften, binne de trettjin skoallen ûnderferdield yn fjouwer groepen. Alle groepen hawwe in eigen ûnderwiisteam. De learkrêften wurde dus op ferskate skoallen ynset. Dat skeelt kosten.

Alle groepen hawwe in eigen ûnderwiisteam

It is ien fan de oplossings dy’t ek Sonja Hofstee, foarsitter fan de Stichting Behoud Kleine Scholen, graach sjocht. ‘Schoolbesturen zouden verder moeten kijken dan alleen sluiting of fusie’, fynt se. Gearwurking mei bedriuwen en klups yn in doarp, it skoalgebou diele mei ferienings, allegear wizen om de kosten nei ûnderen te krijen sûnder dat de skoalle ferdwynt.

Meedenken

Mar sawol Van de Venn as Hofstee fernimt dat âlders in hieltyd gruttere taak krije. Neffens Van der Venn wurdt de âlders folle mear frege om mei te tinken. ‘Vroeger kwam er een boodschap van een onderwijskoepel en daar moest men zich maar bij neerleggen. Nu wordt hen gevraagd mee te denken over oplossingen.’

En ek op polityk mêd wurdt de rol fan de âlders better regele. Hofstee: ‘Binnenkort komt er hopelijk een wet door de Eerste Kamer die de ouders meer inspraak geeft in de toekomst van een kleine school. Dat is voor ons zeer belangrijk.’ Dy wet regelet dat de MR – de meisizzenskipsrie – mear ynfloed krijt by in beslút om in skoalle te sluten of fusearje te litten. De MR mei tenei earst mei de achterban – de âlders – oerlizze. En seit dy nee, dan wurdt it dreech foar in skoalkoepel om dêr oerhinne te stappen. Sa hat de skoalle fan De Gaastmar fan ’t simmer mei sukses de sluting tsjinhâlden.

Tweedeling

No liket it yn dit ferhaal as dat de âlders altiten as ien blok foar in skoalle stride. Dat is fansels net sa. Sa as Jan Dijksma, âld-ûnderwiisredakteur fan de Ljouwerter Krante, fan ’t simmer noch skreau: “Wat doe je als een meerderheid van een dorp kiest voor een redelijk klassieke vorm van onderwijs en jij voor je kinderen meer heil ziet in de methoden van Montessori of Dalton?” In goeie fraach, want soks leit nochal wat druk op âlders yn in lytse mienskip. Dat fernimt sawol Van de Venn as Hofstee. ‘Zodra wij op een bijeenkomst vertellen dat een school op de wip zit, komt er een soort tweedeling: een groep ouders gooit alles in de strijd, maar er zijn ook ouders die hun kinderen dan bij voorbaat naar een andere school doen. De groep valt dan wat uit elkaar’, seit Van de Venn. Ek sjogge guon âlders dat as in oplossing wannear’t se har bern eins yn stee fan nei iepenbier, nei kristlik ûnderwiis gean litte wolle. ‘Als de boodschap komt dat een school mogelijk dichtgaat, is de noodzaak om hun kinderen daarheen te blijven sturen er in hun ogen niet meer’, ferklearret de Primus-direkteur.

Alders wolle úteinlik allegear itselde: it bêste foar harren bern

It bêste foar de bern

Mar it kin wêze dat dy fuortgeande bern krekt it ferskil meitsje tusken noch in jier langer iepen bliuwe of oan de ein fan it skoaljier fuortendaliks slute. Dat wurdt de âlders somtiden kwea ôfnaam troch oaren, sjocht Hofstee. ‘De ouders die hun kinderen dan van school halen, worden in het dorp niet altijd even vriendelijk bejegend. Maar mijn ervaring is dat dit altijd van korte duur is.’ Want, is har konklúzje, âlders wolle úteinlik allegear itselde: it bêste foar harren bern. Sa past it iene bern better op in lytse skoalle, mei minder bern en mear omtinken. Oare bern geane graach op yn de massa en kinne prima út ’e fuotten op in wat gruttere skoalle. En de kar dêrtusken leit altiten by de âlders sels.

Troch: Monique Flinker
Ut: heit&mem nr. 2 2015

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.