heit&mem

Klusterfiedingen

Dieuwke van der Meer 7 maart 2016

Regeldagen en klusterje lykje in hiel soad op elkoar, mar binne doch net itselde. Regeldagen sjogge wy om de 10e dei, 6 wike en 3 moanne hinne. It binne, sa’t de namme al seit, meastal in oantal dagen om de molkeproduksje te regeljen (sjoch ek it stikje oer regeldagen). Klusterje is meastal op in bepaald momint fan de dei. Hiel faak is dat oan de ein fan de dei en/of jûns. 

De poppe wol dan ynienen hiel faak oan it boarst en liket net tefreden te krijen. Se ha dan behoefte oan (ekstra) memmemolke, oandacht en rêst. Somtiden wolle se om ’e healoere/oere drinke. It is net in ‘teken’ dat der te min memmemolke is of dat de kwaliteit net goed is! At dyn poppe goed groeit, is dit hiel normaal! At it mooglik is, lis dan mar sa faak as mooglik oan. Lis al dyn bezichheden oan de kant, sykje in noflike stoel of bank en nim de rêst foar de fiedingen. 

Faak sjogge je dat, nei it klusterjen, in poppe wat langer sliept. De memmemolke dy’t se dan binnenkrije is fetter, omdat dyn boarst minder fol sit as wannear’t der trije oeren tusken sitte. Ik sis hiel faak: se ‘tanke’ harren fol foar de nacht om sa yn de nacht lang(er) te sliepen. En dat is foar âlders ek wol noflik. 😉

Kreamfersoarchster Alnita Miedema skriuwt handige tips foar de kreamtiid foar HeitenMem.nl. Hast in fraach foar Alnita? Reagearje dan op dit artikel.

Boekentip: Veilig door de kraamtijd

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!