heit&mem

Siik, mar dochs nei skoalle

Alle bern geane nei skoalle. Dat is de normaalste saak fan ‘e wrâld. Of dochs net? De slimste nachtmerje fan in âlder is dat je bern slim siik wurde. Wat dan? Nei skoalle gean, lessen folgje… It wurdt in stik dreger. Gelokkich biedt sikehûs UMCG yn Grins in útkomst.

Monique Flinker 16 februari 2016

In sikehûsskoalle meie je it net mear neame, want dy binne ein jierren ’90 offisjeel ôfskaft. Mar dat betsjut net dat slim sike bern oan harren lot oerlitten wurde. Sterker noch, alle universitêr medyske sintra – de eardere akademyske sikehûzen – hawwe in gearwurkingsferbân om dochs in foarm fan ûnderwiis biede te kinnen.

Allerearst sadat bern dy’t foar langere tiid yn it sikehûs lizze of siik thús sitte, net tefolle op achterstân komme mei de lesstof. Mar eins is it doel folle breder, fertelt ôfdielingslieder Ria Bakker fan de ‘Educatieve Voorziening UMCG. ,,Er is in het ziekenhuis vooral aandacht voor datgene wat niet werkt, namelijk dat wat jouw ziekte veroorzaakt. Door dan toch een vorm van onderwijs te volgen ben je juist op een positieve manier bezig. Dat geeft toch zelfvertrouwen.”

UMCG

Boppedat kinne de bern ûnderfine dat se dochs noch sels wat yn te bringen hawwe. Net dat bern sels kieze meie wat se dogge, mar se meie bygelyks wol sizze oft se earst taal of earst rekenje dwaan wolle.

Little girl playing doctor with a doll in the nursery

It UMCG is it grutste sikehûs yn it noarden fan it lân. Se behannelje benammen slim sike bern út Fryslân, Grinslân, Drinte, Oerisel en in part fan Flevolân, mar ek út oare provinsjes komme pasjintsjes nei Grins. Taal hat nea in barriëre west, seit Bakker. Der is ien Frysktalige kollega. Sa no en dan praat sei Frysk mei âlders en bern, as sy dat prettich fine. ,,In het ziekenhuis ontstaan vaak emotionele situaties en dan grijpen sommige mensen toch sneller terug naar hun moedertaal. Dan is het fijn dat wij een Friestalige collega erbij hebben, ook tijdens de schooluren.”

Skoallokaal

Beatrix Kinderziekenhuis UMCG

It lokaal op de berne-ôfdieling fan it UMCG, liket krekt in echt skoallokaal. Mei fleurige tekeningen op de ruten, houten tafeltsjes en genôch boartersguod foar de beukers. Sa fol as op in echte skoalle sit de klasse lykwols noait. Bakker: ,,Denk aan gemiddeld 3 tot 5 kinderen.”

De lessen fine moarns en middeis plak, moarns in oere en 45 minuten en middeis in oere en 15 minuten. Alle bern krije eigen lesmateriaal. Dat moat troch de skoalle sels fersoarge wurde. Meiwurking is dus wol fan belang. De bern dy’t net nei it lokaal komme kinne, krije ien kear deis in meiwurker oan harren bêd. Dy fêste struktuer kin in grut ferskil meitsje. Krekt as by sûne bern, hawwe je op fêste tiden fêst les. Dat jout rêst.

Ynformearje

In oar, hiel wichtich, aspekt is de begelieding fan bern thús en op skoalle, fertelt Bakker. ,,We informeren leraren over de gevolgen van de ziekte voor het onderwijs en hoe ze daar op school mee om kunnen gaan.“

Dêrfoar wurdt yn Fryslân en Grinslân yntensyf gearwurke mei OZL-Noord. Dat stiet foar Onderwijsondersteuning Zieke Leerlingen. Dizze meiwurkers hâlde kontakt mei Bakker en har kollega’s yn it UMCG, mar benammen ek mei de skoallen. In grut foardiel is dat de minsken fan OZL-Noord ek delgean op de skoallen en sa goed kontakt ûnderhâlde kinne.

We informeren leraren over de gevolgen van de ziekte voor het onderwijs en hoe ze daar op school mee om kunnen gaan.

,,Want niet alleen voor kinderen en hun ouders is zo’n situatie schrikken en onwennig, ook op scholen komt men voor vragen te staan. Dat kunnen praktische zaken zijn – hoeveel kan een ziek kind aan –, maar ook vragen over hoe je met een bepaalde situatie om moet gaan. Wat vertel je wel en niet in de klas?, leit Bakker út.

Begelieding

Yn de measte gefallen giet it goed, mar sa’n 10 prosint fan de gronysk sike bern hat dizze begelieding nedich. En ek foar bern dy’t net yn it sikehûs lizze, mar troch sykte wol lang thús binne, kin it UMCG mei OZL Noord in útkomst biede. Sy helpe mei allegear saken, bygelyks in fideoferbining mei de klasse of de begelieding fan bern mei harren skoalwurk.

As ek skoallen struktureel help nedich hawwe mei slim sike bern, kinne se hjir yn Fryslân telâne by it Steunpunt Speciaal Onderwijs Fryslân. Foar skoallen is it somtiden dreech om yn kontakt te bliuwen mei in sike learling. ,,.Ook dan kunnen wij met de school praten en handreikingen bieden.” Alles om bern, âlders en skoallen in bytsje ,,houvast” te bieden yn it doalhôf dat de medyske wrâld hjit.

Ut: heit&mem nr. 2 2015

Mear ynformaasje: www.ziezon.nl

Tegearre lêze oer aventoeren yn it sikenhûs?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!