Pynlike tepels
De tepel moatte faak earst efkes wenne oan de sterke kreft wer mei at in poppe der oan sûget. Wat kinst der oan dwaan om pynlike tepels te foarkommen? Lis de poppe de earste dagen net langer as een kertier oan it boarst (per boarst). Wikselje de hâldingen ôf (lizze, sitte in de rugby of madonna hâlding). Lit nei een fieding de tepels droechje oan de loft.
Der binne ek wol salfkes te keap en dy kinne der ek op. Tink der wol om, alles wat je der opsmarre kriget de poppe ek wer binnen at hy/sy drinkt oan it boarst. Dus de bysluter lêze en sjen at it ek kwea kin foar de poppe at it der opsitten bliuwt en oars der goed ôfhelje! Miskyn aardich om te witten: eartiids smarden se der wol ris sitroensop op, omdat se tochten dat dat holp. Dat is gelokkich no net mear sa! Wy sizze gewoan: smar der mar wat boarstfieding op, dat is een hiel bêst medisyn.
Kreamfersoarchster Alnita Miedema skriuwt handige tips foar de kreamtiid foar HeitenMem.nl. Hast in fraach foar Alnita? Reagearje dan op dit artikel.
Boekentip: Veilig door de kraamtijd

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: