Moat lêze no echt?
Thijs Nielen ferliket yn syn promoasje-ûndersyk Aliteracy: Causes and solutions in groep skoallen dy’t mei dogge oan it programma ‘de bibliotheek op school’ mei in groep dy’t dat programma net folgje. It belangrykste ferskil is dat skoallen dy’t meidogge (mei help fan de bibliotheek) mear boeken oanbiede, én mear omtinken besteegje oan har kolleksje. It ferskil tusken de skoallen is behoarlik (mear dan in heale standerddeviaasje) omdat dizze learlingen mear lêze.
Nielen wiist op de needsaak fan mear begelieding fan jonge lêzers. De earste trije jier goed lêzen leare betsjut net dat bern goede lêzers bliuwe. As yn de boppebou of middelbere skoalle de lês-stype/leesondersteuning fan de leraar fuotfalt, ferlize bern har ynteresse of motivaasje om te lêzen. Sommen ûntwikkelje sels eangst foar lêzen of in grutte wearstân om te lêzen.
Meitsje lêzen leuk, is it advys fan dizze promovendus Nielen.
It sil net lang mear duorje, dan komme der grutte kolleksjes boeken digitaal beskikber, is de ferwachting. Lykas bgl. op it e-bookportaal fan Bibliotheek.nl. Foar it part kin ek in digitale tutor bern begliede by it lêzen mar fansels giet der neat boppe in ‘echte’ beglieder as dat no in juf/meester of in heit/mem is!
Op syk nei leuke fryske boeken?
Of wat lêze oer kommunisearje mei bern?
Hjir in boeketip

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: