heit&mem

Foar de earste kear Heit & Mem

Op 18 jannewaris 2015 om 7:20 oere waarden Lotte Kaimer en Jaap Zijlstra mem en heit fan Jesse Hendrik. In prachtich moai jonkje fan 2.835 gram en 49 sm.

Ciska Noordmans 25 januari 2016

foar-de-earste-kearLotte Kaimer: ‘Mei 35 wiken is Jesse al berne, dat wie fansels net de bedoeling. De ferloskundige hie earder wol in hege bloeddruk konstatearre en ús trochstjoerd nei de gynekolooch yn it MCL. Dêr kriich ik bloeddrukferlegers, omdat sy ek graach woenen dat Jesse 40 wiken sitten bleau. Ik waard dêr flink beroerd fan. De sneons kriich ik slim pinebúk en ha ik de gynekolooch belle. Fiif oeren letter lei Jesse al yn myn earmen.’

Lotte en Jaap wienen hielendal klear foar de komst fan de lytse poppe. It keammerke wie ferve, lytse kleantsjes leinen yn de kast en de earste pemperkes yn it laad.
‘We wisten noch net wat it wurde soe. Doe’t Jesse der ienris wie, wienen wy fansels geweldich bliid, mar ek wol wat ûngerêst. De draachtiid is fansels net foar neat 40 wiken. Hoe soenen sokke lytse longen har ûntwikkelje?’
Nei in dei moast Jesse dochs de kûveuze yn foar ljochtterapy; syn lever wurke noch net optimaal. Foar Lotte wie dat akelich om te sjen: ‘Sa’n lyts bleat mantsje mei allinne in pemperke om en in sinnebriltsje op, dat fûn ik net leuk. Gelokkich mocht er der nei 24 oeren al wer út.’ Al mei al ha Lotte en Jesse in wike tegearre yn it sikehûs lein en Jesse dêrnei nochris in wike. Lotte en Jaap gongen dy wike alle dagen twaris op en del nei ’t sikehûs, 15 kilometer fierderop.

‘Ik foel doe hurd fan myn rôze wolk ôf,’ fertelt Lotte, ‘yn de earste wike lei Jesse op de berneôfdieling en ik op ferloskunde. Alle oare memmen op de keamer hienen de lytse poppen ticht by har, mar Jesse lei net nêst my. Nei in wike gongen Jaap en ik mei in lege auto nei hûs. Sa hie ik it my al hielendal net foarsteld. Thús bleau it bedsje yn it poppekeammerke leech. Gjin lûdsjes, gjin nij libben om dy hinne; it wie alhiel net neffens it boekje.’ Gelokkich wie net alles yn mineur. Alle kearen as heit en mem boppe Jesse syn bedsje hongen, krigen se as tank in blik fan werkenning, Jesse reagearre goed op de stimmen dy’t er yn ’e búk al safolle heard hie. En it grutte wachtsjen waard beleanne doe’t Jesse mei nei hús mocht.

Al it leed is no ferjitten. Ek alle brutsen nachten. ‘It is pittich,’ seit Lotte, ‘mar wat is it prachtich ast moarns betiid begroete wurdst mei in grutte glim.’

Ut: De Lytse Heit & Mem 2015 nr. 2 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!

Kenst it ferske fan Bijke it hûntsje noch? Dat ferske is jieren lyn alris betocht troch Hindrik van der Meer.

lês mear