heit&mem

De taal dytsto praatst, beynfloedet de wrâld om dyhinne.

De taal dytsto praatst hat ynfloed op hoechsto de wrâld sjochst, hawwe wittenskippers útfûn.

Ciska Noordmans 18 januari 2016


Tink mar ris oan blommen dy’t in moaie namme krigen hawwe as wy se brûke kinne lykas ‘madelief’, of in negatieve namme as we in hekel hawwe oan de plant ‘duivelsklauw’.

Net allinne de wurdskat mar ek de folchoarder fan de wurden yn in sin hawwe ynfloed.
Stel dat der bgl. in faas brekt. In Ingelsman, dy’t graach yn aktieve sinnen praat (‘hy brekt de faas’) sil de dieder better oanwize kinne as in Spanjaard of Japanner, dy’t graach passyf prate (‘de faas is brutsen’). Yn dizze sinkonstruksje wurdt de dieder ommers net neamd.

We sjogge allegear itselde, mar ús taal bepaalt wêrsto dyn oandacht oprjochtest en hoesto de wrâld yndielst. Tink ek marris oan de ‘terroristen’ fan Wilders dêr’t hy de flechtelingen mei bedoelt of de ‘war on terror’ fan presidint Bush. Sa wurket taal troch yn alles wat we dogge. Hoe wurket dat by dy?

Undersyk: Radboud Universiteit

 

In leuk boek oer Nijntje, dy’t goed om him hinne sjocht

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.