heit&mem

Wat krije bern mei foar yn de ‘pauze’ / it skoft?

Ciska Noordmans 11 januari 2016

Wat dochsto as jim bern in rôze koek of ‘gevulde koek’ mei nei skoalle wol omdat oare bern dat ek krije? Jousto ta omdat it lestich is om ’nee’ te sizzen. Of jousto in sûne fariant? Of kin hy/sy seure wat er wol?

Fansels is it lestich om nee te sizzen, foaral omdat it foar jim bern ek dreech is om te sjen as oare bern de tosken sette yn in lekkere swiete koek. It kin helpe asto jim bern útleist wêrom as hy sûne(re) dingen mei nei skoalle krijt. Fruitbiskwies sitte meastentiids mei twa as trije yn in pakje. Dat is foar de measte bern te folle wat de kaloriën oanbelanget, neffens it Voedingscentrum. Bern meie best wat te snobjen hawwe, mar dan leafst thús.

Wannear asto sûn iten op skoalle belangryk fynste kinst ek ûndersykje oft de skoalle (de MR) dêr belied om meitsje wol. Wannear’t der rjochtlinen binne, wurdt it foar elkenien makliker.
 

boarne: Voedingscentrum

 

Wolsto mear lêze?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!