heit&mem

Mem yn in oare taal

Mem yn in oare taal

Tine van Knijff 18 januari 2016

Fan hûs út praat ik Dokkumers, mar sadree’t ik it Frysk learde wie ik ferkocht. Ik ha staazje rûn by ‘ús’ Omrop, myn houlik wie yn it Frysk en doe’t ik mem wurde, koe ik net wachtsje oant ús jonkje ‘heit’ en ‘mem’ sizze soe.
Mar dat barde net. Net yn it Frysk, mar ek net yn in oare taal. Us mantsje sei oant er trije jier wie hielendal neat. It hat bliken dien dat hy autisme hat en TOS, in taalûntwikkelingsstoarnis. Hy moast it praten stapke foar stapke leare foar in spegel, mei in logopediste.

Fryske wurden, dêr bruts er him de tonge oer. ‘Hij pakt het Nederlands beter op’, wie it oardiel fan de logopediste. Dat wie ús ek al opfallen. En sa learde hy Nederlânsk praten en learden wy Nederlânsk praten tsjin him.

Dat wie wol eefkes omskeakeljen; it fielde wat nuver, net eigen. Mar doe’t ús mantsje foar it earst ‘papa’ en ‘mama’ sei, wie ik sa wiis as in protter. Krekt sa wiis as ik mei ‘heit’ en ‘mem’ west hie.

Doe’t ús twadde jonkje berne waard, wie it foar ús gjin fraach mear: wy geane troch yn it Nederlânsk. Tsjin it iene bern Frysk en tsjin it oare Nederlânsk, dat wurket net. Dat fielt net noflik.

As mem fiel ik my wol noflik, want wy ha de goeie kar makke. Moatst ús âldste no ris praten hearre! It Frysk fielt as myn memmetaal, mar ik bin mem yn in oare taal.

Tine van Knijff-van Hijum is gastblogger op heitenmem.nl en wennet mei har man en twa jonges fan 6 en 3 yn Dokkum.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!