Kollum: It nijjierskonsert
‘I am reading my book!’ ‘Moai sa, pop’, flústerje ik. Alle hollen draaie ús kant út. J. wiist nei in pear reade learskes yn har boek. ‘Look, wellies!’ Ja, ssshhh’, sis ik. ‘Stil wêze!’
J. praat, lykas alle pjutten fan hast trije, yn útroptekens. Dat jout gewoanlik neat, mar leit krekt wat oars ûnder in konsert at eltsenien fierder stil is. Ik sit mei J. op skoat yn de parish church fan Wallingford, doarp fan Agatha Christie. Myn fioeldosint jout in nijjierskonsert mei tee en cake, en J. woe graach mei. Ik ha har wol ferteld dat wy dan stil lústerje sille en net prate.
Jierren lyn dreamde ik der al fan, gesellich mei dochter (of soan) op skoat nei in konsert lústerje. Yn sokke fantasijen sitte myn bern rêstich stil wylst ik se útlis oer muzikanten, diriginten en komponisten. Mar de wurklikheid is oars.
Underweis yn de auto hat se my wol tsien kear frege oft har boek yn de tas sit, en oft wy de tas wol meinaam ha. Ek is se benijd oft der yn Wallingford moaie plassen binne, want se hat har learzen oan. Mar in soad tiid foar dy plassen is der net, want ik wol net te let komme.
Nei fiif minuten knap lústerjen hat J. mear belangstelling foar myn tas as foar de muzyk. Nei noch ris tsien minuten, in mueslireep, twa ‘crazy bears’ en wat wetter wol se har boek. En nei trije kertier hinget se fan links nei rjochts yn myn earms wylst se rare gesichten lûkt. Sûnder in wurd te sizzen, dat moat sein. Dus slûpe wy foar it ein fan it konsert mar nei bûten. ‘Wat koe’sto goed stil wêze, siz!’ bear ik dan mar, ‘do kinst wol ris wer mei.’ Mar dat is J. tefolle eare. ‘I did talk a bit, mem.’
Joke Corporaal is mem en wennet mei har gesin yn in lyts doarp yn Oxfordshire. Se is gastblogger fan heit&mem.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: