heit&mem

Ding dong

Joke Corporaal 11 december 2015

Us dochter fan twaënheal drukt op de bel. Sabeare dan. ‘Ding dong, is this the restaurant?’ Us famke ferstiet wol Frysk, mar mei in Ingelske heit en Ingelân as wenplak praat se sels foaral Ingelsk, ek tsjin dizze pizzabakker. Want dy rol spylje ik. ‘Si signora! Sin oan pizza? Gean mar sitten.’ Op it boerd lizze fjouwer stikjes bôle mei marmite. J. pakt foarsichtich in stikje beet. ‘Oe, it’s a bit hot!’ ‘Dat kin’ jou ik ta. ‘Mar even blaze dan.’

Trúkjes kinne it libben mei in pjut krekt wat makliker meitsje: ite, tosken poetse, hier kamme. Op al ús doaren sitte ynienen tinkbyldige bellen. ‘Ding dong, is this the hairdress?’ ‘Ja hear, de hairdresser’s. Earst even kamme en dan asen knippe? Mar lekker koart? Noch plannen foar de fakânsje?’ Sûnder in wurd protest lit J. har hier kamme, dêr’t se oars krimmenearret fan ‘docht sear docht sear’. Dat dan wol wer yn it Frysk.

Mar pizzabakkers en kappers binne ek wol ris wurch, seker at de pjut in suske krijt dat fansels net dalik trochsliept. Wat foar útrêste heiten en memmen noch grappich wie, is dan ynienen knap ferfelend. Want trije moanne letter fynt J. it noch hieltyd in moai spultsje, wylst ik gjin ‘ding dong’ mear hearre kin. Se mei fan dizze mem dan ek net mear hieltyd fan de stoel om op de bel te drukken, en yt út protest faak gjin hap. In folwoeksen peatear – ‘Moast ris lústerje, wy dogge no gjin spultsjes mear, oké? No mar gewoan ite.’ – hellet fansels neat út. Gelokkich hat J. net allinnich in strange mem, mar ek in heit. Op de dagen dat dy oppast en ik boppe achter de kompjoeter sit, duorret it dan ek net lang of ik hear: ‘Ding dong, is this the restaurant?’

 

Joke Corporaal is mem en wennet mei har gesin yn in lyts doarp yn Oxfordshire. Se is gastblogger fan heit&mem.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!