Op de efterbank
It alfabet
Dit spultsje is geskikt foar bern dy’t de letters fan it alfabet al kinne. Ferdiel de bern en heit en mem yn de auto yn twa groepkes. Elkenien kin ek foar himsels spylje. It is de bedoeling om as earste groepke alle letters fan it alfabet op de goede folchoarder te finen. It iene groepke siket earst lofts fan de auto, it oare groepke siket oan de rjochterkant. De letters kinne oeral op stean: op oare auto’s, op ferkearsbuorden, op reklamebuorden ….. .It is it earlikst om healwei it spultsje, nei de letter M, te wikseljen fan kant.
Foarwerpen sykje
Meitsje wer twa groepkes of praat ôf dat elk foar himsels spilet. Sykje earst bûten wat op dat mei de letter A begjint. Dat is maklik, in auto hast gau fûn. Wa’t wat sjoen hat mei de A , siket wat op dat mei de B begjint en sa fierder. Wa is it earst it hiele alfabet bydel? De Q en de X kinne wolris lestich wêze. Kinst ek ôfprate om dizze oer te slaan.
Oantallen skatte
Fan te foaren praat jimme mei-inoar in ûnderwerp ôf dat jimme telle sille, sa as caravans, reade auto’s, tsjerketuorren, hynders. Betink mar wat. Dan wurdt ôfpraat fan wêr oant wêr jimme telle sille. Dat kin fan ôf it iene oant it folgjende plaknammeboerd, of bygelyks fan ôf de brêge oant de it hûs fan pake en beppe. Elk neamt op hoefolle as hy of sy tinkt dat jimme fan it ûnderwerp tsjin komme sille. En dan telle fansels. Wa’t der it tichtst by sit hat wûn.
Noch mear spultsjes
Fansels binne der noch mear spultsjes dy’t jimme yn de auto (of thús) dwaan kinne:
- de wurdslang: yn betinkt in wurd en de folgjende seit in wurd dat begjint mei de lêste letter fan it earste wurd. En sa fierder. Kinst ek ôfprate om allinnich famkesnammen te brûken of bisten of plaknammen.
- Persoanen riede. Ien hat in persoan yn gedachten en de oaren moatte troch fragen te stellen der efter komme wa’t it is. Der meie allinnich fragen stelt wurde wêr’t mei ja of nee op antwurde wurde kin.
- Wa sjocht ûnderweis de measte giele auto’s? Of de measte trampolines?
Gjin ja en gjin nee sizze. Stel inoar fragen en besykje by it antwurdzjen gjin ja en gjin nee te sizzen. Wa’t it earst ja of nee seit is ôf.
Troch: Willie Kloostra

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: