heit&mem

Cyberpesten, peste yn de digitale wrâld

Mei de opkomst fan iPhones, iPads en sosjale media as Instagram, Snapchat en Facebook nimt ek it cyberpesten ta. Net allinnich op it skoalplein mar ek op ynternet krije bern tsjinwurdich te meitsjen mei pestgedrach. Undersyk wiist út dat 1 op ‘e 5 bern online wolris pest wurdt. Hoe wurket cyberpesten en wichtiger noch: wat kinne wy der tsjin dwaan?

Nynke van der Zee 20 september 2017

Cyberpeste is peste via ynternet. Yn de measte gefallen giet it om skelle, rabje, beledigje, mar ek bûtenslute op bygelyks Instagram, whats app, yn chatboxen, op Facebook of Snapchat. ‘Mar cyberpesten kin in soad foarmen oannimme’, leit mediacoach Evelyn Verburgh út. ‘Ek it stellen en misbrûken fan in wachtwurd of it oanmeitsjen fan in nep- of haatprofyl fan immen is in foarm fan cyberpesten. Ferfelende foto’s of filmkes fan ien online pleatse, ien bûtenslute by online gamen of op in oar syn namme núvere dingen bestelle fia webshops. Ynternet biedt pesters in wrâld fol mooglikheden.’

Digitale komplimentsjes

As mediacoach giet Evelyn geregeld nei basisskoallen om yn de midden- en boppebou te praten oer cyberpesten. ‘Benammen op dy leeftyd is dat hiel wichtich’, fynt se. ‘Bern hawwe nammentlik faak net yn ‘e gaten dat se peste. Se fine it hiel lestich om har yn te libjen yn in oar of te oersjen wat foar konsekwinsjes pesten hat. Praat  thús en yn de klasse oer digitale omgongsfoarmen en stean stil by hoe’t it fielt foar dejinge dy’t pest wurdt. Praat net allinnich oer wat nét mei mar foaral ek oer goed gedrach: hoe kinst online aardich foar ien wêze en hoe joust kompliminten? Lear dyn bern op in goede wize omgean mei ferfelende berjochten. Wêz dy bewust fan dyn eigen rol as âlders. Hoe geane jim mei inoar om? Do bist ommers dêryn in foarbyld foar dyn bern.’

In soad pesters hawwe net yn ‘e gaten wat harren gedrach foar konsekwinsjes hat

Ut ûndersyk blykt dat bern op ynternet minder pesten wurde as op it skoalplein. It ferskil mei gewoan pesten is lykwols wol dat de drempel op ynternet leger is. ‘Bern fiele harren minder remme, wêrtroch it makliker is gemiene dingen tsjin inoar te sizzen. En om’tst  gjin direkte reaksje sjen kinst by de oar, rint it makliker út de hân’, leit Evelyn út. Ek de anonimiteit soarget dat cyberpesten faak feniniger is as op it skoalplein. Mar it grutste ferskil is dat cyberpesten nea ophâldt. It giet thús troch op it mobyltsje dat bern yn ‘e broeksbûse ha. It ferskynt as se de whats app iepenje of op harren Facebookpagina sjogge. Evelyn: ‘Bist nearne mear feilich, sels net op dyn eigen sliepkeamer.’

Net te bang wêze

Lykas by gewoan pesten sille bern thús net gau fertelle dat se online pest wurde. Se skamje har der foar en hâlde it dêrom stil. Sinjalen binne feroarings yn gedrach: weromlûke, ôfhekje by aktiviteiten, pinebúk of pineholle en net mear nei skoalle wolle. It is lykwols net ferstannich om as heit en mem ynternet dêrom fuort mar te ferbieden, warskôget Evelyn. ‘Fansels wolle wy ús bern beskermje tsjin negative ûnderfinings op ynternet. Mar wy moatte der net te bang foar wêze, want ynternet is júst ek in hiele positive omjouwing foar bern om ynformaasje op te dwaan, kontakten te lizzen, gear te wurkjen en wichtige libbenslessen te learen.’

Foar ús bern is de firtuele wrâld hjoed de dei like wichtich as de echte wrâld. De bêste wize om bern te wapenjen tsjin cyberpesten is dan ek om thús oer de positive en negative kanten fan ynternet te praten. Evelyn: ‘Wy freegje ús bern altyd hoe’t it wie op de fuotbaltraining of by pianoles. Mar wy hifkje nea hoe’t it op ynternet wie. Nim as âlders in iepen en belutsen hâlding oan. Lústerje en lit bern dyn gids wêze. Dan komme se makliker nei dy ta mei leuke dingen, mar ek by online problemen. Doch ris mei oan in online game of lit dy ferrasse troch in leuk filmke op YouTube. Ynternet en sosjale media binne net mear fuort te tinken út ús deistich libben. Wy moatte it allinnich noch in goed plakje jaan. En dat kostet efkes tiid.’

Foar ús bern is de virtuele wrâld hjoed de dei like wichtich as de echte wrâld

 

Do’s & don’ts

Jou nea dyn wachtwurd fuort.
Log altyd út ast op in oare kompjoeter sitst.
Reagear net op pestberjochten, mar bewarje se wol.
Meitsje altyd in skermafdruk fan it pestberjocht  as bewiismateriaal.
Blokkear dejinge fan wa’tst de ferfelende berjochtsje krijst.
Makkest wat ferfelends mei, praat deroer mei ien dy’tst fertroust.
Pest net werom – wurd sels net in pester!
Doch op ynternet net watsto in real life ek net dwaan soest.

Handige websites:

Mijnkindonline.nl
Pestweb.nl
Meidenvenijn.nl
Mediawijsheid.nl

Evelyn Verburgh is Mediacoach en hat har eigen advysbureau Vitamine Eef yn Wommels.
Sy begeliedt bern, jongerein, âlders en dosinten by it omgean mei de media fan hjoed de dei
troch û.o. medialessen, workshops en âlderjûnen te jaan.

Op syk nei in praktysk boek oer cyberpesten?

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!