heit&mem

Muzykles foar pubers

Muzykles ûnder middelbere skoalle-learlingen hâldt bepaalde konneksjes yn it brein ynstân, dy’t gewoanwei op dizze leeftyd ferdwine. De harsens bliuwe sa gefoeliger foar subtile klankferskillen dy’tst ek brûkst by it learen fan taal. Soks docht bliken út Amerikaansk ûndersyk.

Ciska Noordmans 1 december 2015

Ferbinings tusken de senuwen bliuwe yn stân troch muzyk

 It brein fan in seisjierrige is al foar 90% útgroeid. Dochs fine der noch wol subtile neurologyske ûntwikkelings plak. De ‘betrieding’ yn de hersenen wurdt better oanlein en ferbynt ferskillende harsengebieten meiïnoar. Sa kinne bepaalde feardigheden better útfierd wurde. It tal ferbinings tusken de senuwen nimt yn de pubertiid ôf mar troch muzykles bliuwe dit better ynstân!  
 
Boarne: kennislink

 

Op syk nei in leuke cd foar basisskoalle bern?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.