heit&mem

Schaatspret en iiswille yn de nije Elfstedenhal

Elke sneintemoarn 10.00 oere stiet de famylje Eggink op it iis by de Elfstedenhal yn Ljouwert.
Heit Michiel sit yn de groep mei de fluchste riders, mem Caro rjochtet har bynammen op de technyk, Floris (15) en Francel (14) sitte tegearre yn de heechste groep foar de jeugd en de benjamin fan de famylje, Ewoud fan 10 kin ek al hiel knap reedride. De hiele famylje is de krabbelbaan ûntgroeid en riid speedy speedy har rûntsjes op de nije bûtenbaan.

Ciska Noordmans 1 december 2015

De schaatsschool

‘We schaatsen nu al zes jaar met het hele gezin,’ fertelt Caro. ‘Toen Ewoud vier jaar was, mocht hij meedoen in de eerste groep en vanaf die tijd gaan we met het hele gezin op zondag schaatsen.’
Dat oare pubers har op sneintemoarn nochris omdraaie, pleaget Floris en Francel net. Floris: ‘op zondag is het meeste huiswerk al gedaan en hebben we alle tijd’ en Francel heakket oan dat se it ek wol hiel gesellich fynt om mei syn allen wat te dwaan. Dochs hat de famylje dit jier in lytse konsessy dien oan de pubers, dy’t ek graach baas binne oer har eigen tiid.  Caro: ‘Bij de schaatsschool heb je de keuze tussen 20 of 10 lessen. Deze keer hebben we voor de laatste optie gekozen.’ 

Tochten op natuurijs

Heit Michiel hat troch de wike in drokke baan en fynt op snein de tiid om sport en famylje te kombinearjen mar mei in fêst doel foar eagen: ‘het allermooiste zijn de tochten op natuurijs. Het liefst zoeken we natuurgebieden op, dat is echt genieten! Of we spreken met de familie af, om vervolgens met alle neefjes en nichtjes te schaatsen. Als er natuurijs ligt, kunnen de kinderen direct ‘los’ omdat er al een goede basis ligt. Ook bij het schoolschaatsen geven deze lessen de kinderen een voorsprong. De techniek hebben ze al onder de knie; het stadium van krabbelen en wennen is voorbij.’

 Ride op nivo

Wylts de famylje Eggink lekker neisit yn it restaurant fan de nije iishal, skoot Elly Tasma oan.
Sy koördinearret ûnderoaren de schaatsschool fan de Elfstedenhal en fertelt entûsjast oer de lessen en de minsken dy’t de lessen folgje. ‘Jong en âld, fan alles komt del. Soms binne it húshâldings en in oare kear is it pake dy’t in pakesizzer by de hân hat. Der sitte maksimaal 15 yn in groepke en elk wurdt yndield op syn eigen nivo. Bist it nivo ûntgroeit, dan skoost troch nei in hegere groep.’
De hal moat noch iepene wurde mar is al folop yn gebrûk foar lessen, bedriuwsútstapkes, famylje- én bernefeestjes. ‘We binne sa bliid mei dizze nije hal,’ fertelt se. ‘Alles is nij en sjocht der fris út, de temperatuer is goed en we hawwe no alles ûnder ien dak. We kinne sa wer jierren foarút.’

Iis foar Fryslân

Baukje Heeg is ferantwurdlik foar de marketing fan de Elfstedenhal en follet oan: ‘no’t Thialf ferboud wurdt, ride ek tourriders en de profs har trainingsrûntsjes yn Ljouwert mar we binne gjin konkurrinten. It doel fan de Provinsje wie en is om de Friezen mear bewege en ride te litten. Dêrom kaam der yn 2012 jild beskikber foar in nije Elfstedenhal, dêr’t hiel Fryslân har ‘rûntsje draaie’ kin. En foar wa’t noch wat oefening brûke kin, binne der de trainers fan de schaatsschool. Thialf bliuwt de iishal foar de grutte (ynter-)nasjonale toernoaien. De Elfstedenhal en Thialf wolle inoar oanfolje om minsken entûsjast te meitsjen foar Iis foar Fryslân.

Sjoch foar iepeningstiden en tariven op: www.elfstedenhal.frl
ek foar útstapkes, clinics en (berne-)feestjes
Adres: Fryslânplein 1, Leeuwarden

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.