heit&mem

Natûr yn de praktyk: 5 suggestjes

Is it bûten grau en griis en is der neat te dwaan?

Hjir suggestjes om mei bern om dy hinne te sjen:

Ciska Noordmans 30 november 2015

1. Kinst as der snie leit, lytse wittenskippers meitsje fan dyn bern.
Wat bart der ast snie mei nei bûten nimste?
Of fries lytse tûkjes en beikes yn, yn wetter. De oare dei hast moaie beferzen skatten.

2. Nim in fergrutglês mei nei bûten en besjoch ris de ûnderkant fan in paddenstoel,
in torke, lytse bledsjes ensfh. De wrâld sjocht der ynienen hiel oars út!

3. Reint it bûten?
Nim de bern mei nei bûten en hear hoe’t de drippen klinke op in stikje izer,
op papier, op de ôffalkontener of yn it wetter. En hoe rûzet de wyn?

4. Bûten kinne bern altyd fan alles fine foar in kykdoaze..
seker asto earst in bytsje meihelpste mei sammeljen.
Of sammelje in pear stjinkrobben en lit se in skoftke yn in glêzen pot noflik útfanhúzje.

5. Hawwe bern wiete fuotten krigen fan it stampen yn ’e rein?
Praat mei har, hoe’t soks no krekt komt en hoe’t it fielt.
Hoe fiele bleate teanen op stien, op in kleed, op glêde of stroeve ûndergrûn?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!