heit&mem

Meartalich ûnderwiis

Meartalich ûnderwiis

Fokke Jagersma 1 augustus 2017

Twatalige bernesintra

Hast alle bern yn Fryslân tusken de 0-4 jier geane nei in bernedeiferbliuw of in pjutteboartersplak. Wolst dat dyn bern optimaal profitearret fan in meartalige omjouwing? Kies dan foar in twatalige of Fryske berne-opfang. Lês fierder >>

Trijetalige (basis)skoalle(3TS)

Al foar de tredde jierdei fan dyn bern, krijst berjocht dat hy takom jier nei skoalle mei. Wer in mylpeal! As âlder makkesto in kar foar in basisskoalle. Dat is net altyd maklik. Want wêr moatst om tinke? Om de ûnderwiismetoade, de grutte fan de skoalle, de ôfstân nei de skoalle? Of fertroust op ûnderfinings fan oaren? En yn Fryslân komt der noch in ekstra opsje by. Kinst dyn bern nammentlik ek nei in trijetalige skoalle gean litte! Lês fierder >>

Meartalich fuortset ûnderwiis (MFU)

Yn it fuortset ûnderwiis binne der ferskate lokaasjes yn Fryslân mei in trijetalige stream (MFU). De MFU stream wurdt hyltyd belangriker en bekender trochdat it meartalich fuortset ûnderwiis twa belangrike doelen neistribbet: it fergrutsjen fan de taalbehearsking fan learlingen en it opdwaan fan in ynternasjonale oriïntaasje. Lês fierder >>

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.