Bern beleanje mei in ‘toetje’ as er goed iten hat?
Brûk it ‘toetje’/neigesetsje net as beleaning, seit it Voedingscentrum. Asto bern no beleanest mei iten, dan sil sy harren sels faaks ek beleane mei iten. En dat kin liede ta in minder sûne relaasje mei iten. En derby kin it ek sa wêze dat bern tinke dat it normaal is om griente net lekker te finen, as sy beleane wurde mei wat lekkers as sy dy ‘fize’ griente opite.
Kinst bern wol in komplimintsje jaan as de griente op is mar meitsje der net in te grut feestje fan: griente ite is normaal. Ek al yt er net al syn griente op, jou mar gewoan in skaaltsje yochurt of wat oars. Want ek straffe mei gjin ‘toetje’ hat as boadskip dat griente iten in beleaning nedich hat.
boarne: voedingscentrum
Beleanje jim bern mei in ‘toetje’ as se goed ite? Nijsgjirrich wat it Voedingscentrum seit?
Posted by Heit En Mem on dinsdag 17 november 2015
Mear oer dit ûnderwerp?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: