heit&mem

Foliumsoer ynnimme foar de wittenskip

Dat it goed is om foliumsoer yn te nimmen as wy swanger wurde wolle, witte wy allegear eins wol. En dat it wurket tsjin oanberne ôfwikings is wittenskiplik bewiisd. No, sa’n 20 jier nei de ûndersiken dy’t de basis lein hawwe foar it advys om dêrom foliumsoer yn te nimmen, fan fjouwer wiken foar konsepsje oant tsien wiken swangerskip, is der in nij ûndersyk geande. Mei it ûndersyk FoliumzuurExtra wurdt besjoen wat it effekt is as froulju mear en langer foliumsoer ynnimme.

Thea van der Schaaf 7 augustus 2017

Fenneke Blom, fan it VU Medisch Centrum yn Amsterdam, is oanjeier fan it ûndersyk, dat sûnt july 2012 rint. ‘Dát foliumzuur werkt is duidelijk, het is al heel lang bekend dat foliumzuur de kans op een baby met een open ruggetje verkleint. Maar mogelijk maakt een hogere dosering foliumzuur die kans nog kleiner. Ook zou foliumzuur kunnen helpen bij het voorkomen van andere aandoeningen, zoals een aangeboren hartafwijking bij het kind of zwangerschapsvergiftiging bij de moeder. Dat is wat we met het onderzoek FoliumzuurExtra willen onderzoeken.’

Foar it ûndersyk binne 5000 froulju nedich dy’t fan doel of dwaande binne om swanger te wurden. Sy moatte yn Fryslân, Grinslân of Drinte wenje. En dat is net foar neat. Fenneke’s kollega Tamar Kruit fertelt: ‘Nergens anders in Nederland worden gegevens over aangeboren aandoeningen zo nauwkeurig geregistreerd als in Noord-Nederland. Eurocat in Groningen is daar verantwoordelijk voor en hun database vormt daarmee een nauwkeurige en zeer betrouwbare bron van gegevens voor ons onderzoek. Omdat aangeboren aandoeningen – gelukkig – weinig voorkomen, heb je een grote onderzoeksgroep nodig om iets te kunnen zeggen over het effect van foliumzuur op het voorkómen daarvan. Als we dit soort onderzoek in verschillende landen doen, kunnen we de resultaten samen bekijken en met nog meer zekerheid iets zeggen over het effect. Er wordt daarom gezocht naar gebieden waar het onderzoek ook gedaan zou kunnen worden. Maar op dit moment zijn alleen in een gebied in Italië de omstandigheden, ook wat de financiën voor het onderzoek betreft, net als in Noord-Nederland goed genoeg om het onderzoek te kunnen doen.’

 

Kirsten en Daniël út Stiens binne heit en mem fan Dominique (3) en soene graach in twadde berntsje ha wolle. Kirsten docht mei oan it ûndersyk FoliumzuurExtra sûnt jannewaris fan dit jier. ‘Ik haw earder oan ûndersiken meidien, ús dochter heart net goed en hat sûnt sy fjouwer moanne wie in gehoarapparaatsje. Mei ferskillende testen is ûndersocht wat der foar har mooglik is op it gebiet fan taalûntwikkeling. Troch mei te dwaan oan ûndersyk en sa wat bydrage te kinnen foar oare âlden dy’t dêr ek mei te meitsjen krije, is in geweldich gefoel. Ik hoegde dan ek net lang nei te tinken doe’t ik in brief fia de apoteek krige oer it ûndersyk FoliumzuurExtra. It wie foar my al in gewoante om foliumsoer yn te nimmen, meidwaan oan it ûndersyk betsjutte eins net mear as mei dy gewoante trochgean – mar dan op de eftergrûn, want dêr fernimst echt neat fan – folge troch in ûndersyksteam, en it ien kear per kwartaal ynfoljen fan in fragelist. It ûndersyk die my betrouber oan, nettsjinsteande datst net witst hoefolle foliumsoer ast deis ynnimst. Mar de dosearring is altyd ferantwurde en tefolle ynnimme kin eins net. Dêrom doarde ik it wol oan. Dat de útkomsten fan it ûndersyk wat betsjutte kinne foar de memmen en bern fan de takomst, is foar my belangryk.’ Tamar en Fenneke slute harren dêr graach by oan. Tamar, oplaat as ferloskundige: ‘Met dit onderzoek dragen we bij aan de zorg voor zowel moeder als kind. Er zijn aanwijzingen dat een hogere dosis foliumzuur een nog groter beschermend effect heeft dan tot nu toe bewezen is. Dat we met dit onderzoek een duidelijk bewijs hiervoor kunnen vinden en daarmee de gezondheidsadviezen eventueel kunnen aanpassen, dat vind ik mooi.’ Fenneke: ‘Dit onderzoek heeft een duidelijk doel, je weet waar je het voor doet.’

Er zijn aanwijzingen dat een hogere dosis foliumzuur een nog groter beschermend effect heeft dan tot nu toe bewezen is.

Meedoen kan al nog voor je stopt met anticonceptie

Kirsten is ien fan de 300 froulju dy’t op it stuit meidogge oan FoliumzuurExtra. It ûndersyksteam is hurd op syk nei mear dielnimsters. Fenneke: ‘Het is natuurlijk een moeilijke doelgroep om te bereiken. Een kinderwens houd je vaak voor jezelf of binnen het gezin. En er is geen instantie die we kunnen benaderen waar een lijst met potentiële deelneemsters bekend is.’ Dêrom wurde froulju safolle mooglik wiisd op it ûndersyk fia apoteken, de media en posters by bygelyks ferloskundigen en pjutteboartersplakken. Ek wurdt der besocht froulju dúdlik te meitsjen dat sy al yn in hiel betiid stadium meidwaan kinne oan it ûndersyk. Tamar: ‘Het is al een paar keer voorgekomen dat een deelneemster binnen vier weken na de start met het onderzoek zwanger raakte. Helaas kan ze dan niet meer meedoen aan het onderzoek omdat het foliumzuur langer de tijd nodig heeft om aantoonbaar zijn werking te kunnen gaan doen. Daarom roepen we vrouwen die geïnteresseerd zijn op om zich aan te melden zodra ze weten dat ze willen beginnen met het waarmaken van hun kinderwens. Je kunt dus bijvoorbeeld al meedoen wanneer je weet dat je over drie weken gaat stoppen met de pil.’

Wat is foliumsoer?

Foliumsoer is itselde as fitamine B11 en kin al foar de konsepsje ynfloed hawwe op oanberne ôfwikings by poppen. It piltsje dat in frou alle dagen ynnimt, of it foliumsoer yn in multyfitamine, is de keunstmjittige fariant. Folaat is itselde as foliumsoer, mar dan de natuerlike fariant, dy’t foaral werom te finen is yn blêdgrienten. Mar wol it foliumsoer effekt hawwe, dan is in keunstmjittige foarm needsaaklik. Om genôch foliumsoer út it deistige miel te heljen soenen wy 650 gram sprútsjes op in dei of 30 stikken brune bôle ite moatte. Dat is fansels net te dwaan en dêrom is it lanlike advys foar froulju mei in winsk om swanger te wurden, om deis 0,4 mg foliumsoer yn te nimmen.

Troch Thea van der Schaaf
Ut Heit en Mem nr. 2 – 2013

 

Boekentip: Gezond zwanger worden

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!