heit&mem

Snobje – snoepen

Ciska Noordmans 9 november 2017

Bern en snobbersguod hearre byinoar. Hoe kinst dêr in balâns yn fine?   

Swiet is lekker

Bern binne sljocht op swiet en dat begjint al by babys. Se hawwe tûzenen smaakpapillen yn ‘e mûle dy’t in gigantyske smaaksensaasje jout. De smaak fan memmemolke is ek swiet en perfekt ôfstimd op de smaak fan babys. Ek yn de natuer stiet swiet faak foar feilich en bitter en soer foar gefaar.

Swiet is kicke

Swiet jout in snelle kick en wurdt fluch troch in lichem opnommen. Wittenskippers sizze dat der in geloksstofke frij komt as bern sûker ite; bern fiele har dus eefkes hiel bliid.  Om dy sûkers te ferwurkjen, moat it lichem insuline oanmeitsje. De bloedsûkerspegel daalt dêrtroch ûnder normaal en dan freget it liif op ‘e nij om enerzy. En begjint jim leave skat te seuren om noch in suertsje, spekje of in lolly. As jim bern te folle sûker binnen krijt, slacht it lichem dat op foar letter, yn de foarm fan fet.

Ien suertsje op in dei

Toch sizze de measte diëtisten: jou bern alle dagen mar in suertsje.
Wittenskippers folgen 5 jier lang alve tûzen proefpersoanen. It die bliken dat de groep dy’t geregeld swiet krych slanker wienen dan de oare groep. Dat komt neffens de diëtisten omdatsto mei de ien-snoepke-regel in punt sette kinste.  Diëtiste Ria van Dijk fan it JOGG seit ‘Do learst bern sa om har te hâlden oan ien snoepke deis. Se leare har te behearskjen.’

Lekker opite!

Ria van Dijk riedt âlders oan om tegearre te genietsjen fan it snoepmoment. Sadat it in hiel spesjaal momint wurdt. Dat betsjut dus ek, datst it net ynsette moatst om bernte treasten of  ôf te lieden as se fallen binne. Dan helpt in dikke tút of eefkes oankrûpe better.

Tip foar Sinte Marten of jierdeifeestjes

Krije bern in soad snoep tagelyk mei, ferdiel it lekkers dan oer fêste snoepmominten op meardere dagen. De hiele dei mar snobje betsjut in konstante oanfol op it glazuer op ’e tosken en krekt dêr krije bern gatsjes fan.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!