Wurden út in oare taal leare mei in spultsje
Wêrom wurdt it iene bern as floeiend twatalich en it oare bern, mei in ferlykbere thússitewaasje net? Watfoar aktiviteiten binne geskikt om bern boartsjendewei in twadde taal te learen? Hoe kinst bern op in oansprekkende manier stimulearje om dy oare taal ek sels te brûken?
It heit&mem-panel
It nij oprjochte heit&mem-panel helpt om better ynsjoch te krijen yn meartaligens by jonge bern. Yn dit panel sitte âlders dy’t sa no en dan in fragelist oer de taalûntwikkeling fan har bern ynfolje en taalaktiviteiten foar ús útbesykje. Yn july is in taalspultsje útset en dêrfan binne de earste resultaten binnen. Doel fan dit spultsje is it oanlearen fan Ingelske wurden. Foar de measte bern is dit (noch) in frjemde taal. We wolle graach witte hoe effektyf it spultsje is by it oanlearen dêrfan.
It taalspultsje
Dielnimmende âlders krigen in set fan 10 kaartsjes mei plaatsjes en in (Ingelsktalich) fingerpopke. It fingerpopke (spile troch heit of mem) beneamt de plaatsjes yn it Ingelsk.
Dan pakt it Ingelsktalige fingerpopke in kaartsje fuort en it bern beneamt yn it Ingelsk (oars ferstiet it popke it ommers net) welk plaatsje der mist.
It oantal kaartsjes dat brûkt wurdt, is ôfhinklik fan de leeftyd fan it bern, fariearend fan 3 (by bern fan 2 o/m 4 jier) oant 7 (by bern fan 7 en 8 jier). Ek de wurden wurde dreger (mear lettergrepen) alnei’t de bern âlder binne.
Tuskentiidse útkomsten
Oant no ta binne der rom 60 gesinnen dy’t it spultsje útbesocht hawwe. Hast allegear wienen se posityf oer it spultsje; fan ‘Leuk’ oant ‘Superleuk!’.
De bern koenen it spultsje 2 dagen oefenje. Op de 3e dei moasten de bern sûnder help fan heit of mem de fuorthelle plaatsjes yn it Ingelsk beneame. En dat slagge de bern goed; yn alle trije leeftydskategoriën lei de gemiddelde skoare op sa’n 78%.
In protte bern gong it maklik ôf en hawwe it spultsje mei mear kaartsjes spile. Opfallend is dat de âldste bern it dan minder goed dienen, wylst de jongere bern dan júst better skoarden. Mooglik komt dat om’t de âldste bern – los fan oft se it wol of net maklik fûnen – sels graach de útdaging oangongen om mei alle 10 de kaartsjes te spyljen.
As bern it fuorthelle plaatsje net beneame koenen, wisten se faaks wol welk plaatsje der miste mar wisten se it Ingelske wurd net mear. Soms koe it sjen fan it plaatsje helpe om wer op it Ingelske wurd te kommen.
Ingelsk thús en op skoalle
In lytse groep bern kriget alle wiken Ingelsk op skoalle, fan in kertier yn ‘e wike oant in hiele Ingelske dei. In folle gruttere groep kriget fan ‘e televyzje/kompjûter Ingelsk mei. Sy harkje nei Ingelske ferskes, dogge Ingelske kompjûterspultjes of sjogge Ingelsktalige programma’s. Foar de measte bern is dit in ½ oant 2 oeren yn ‘e wike. In lyts oantal âlders is thús bewust dwaande mei it Ingelsk. Sy telle mei de bern yn it Ingelsk, beneame dingen, sjonge Ingelske ferskes, lêze de bern foar yn it Ingelsk of prate Ingelsk mei de bern (as tarieding) op fakânsje.
Mooglik binne der tusken dizze groepen ferskillen te sjen. Mar de groepen binne wat te lyts om dêr no wat oer te sizzen. We ferwachtsje dizze moanne noch aardich wat reaksjes werom te krijgen. Dan komt der in artikel mei de einresultaten en kinne wy dêr miskyn ek mear oer sizze.
Ferfolch
Yn in folgjend ûndersyk wolle we in Frysk spultsje útteste. Fine bern dat like nijsgjirrich as in Ingelsk spultsje? En kin it dwaan fan sokke taalspultsjes ek helpe yn sitewaasjes wêrynsto bygelyks as mem Frysk tsjin dyn bern praatst mar dyn bern foaral Nederlânsk tsjin dy?
Meidwaan
Wolsto dêr ek oan meidwaan? Jou dy dan op foar it heit&mem-panel fia ynfo@heitenmem.nl.
Mear ynformaasje kinst fine by ‘Panel’ ûnder it kopke ‘Oer heit&mem’.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: