heit&mem

Sinteklaaskado boekentop 10

Der binne safolle moaie boeken te krijen datst troch de beammen it bosk net mear sjochst.
Berneboeken binne fansels hartstikke leuk, dat wy helpe Sinteklaas in hantsje troch de 10 moaiste berneboeken  op in rychje te setten!

Sietske Zwart 29 november 2018

 

1) It Grutte Foarlêsboek II
Moaie, spannende, gekke, fleurige ferhaaltsjes, gedichten en ferskes oer fan alles en noch wat: Kabouters, bisten, letters, fiterje, heksen, Tomke, op skoalle en noch folle mear.
Mei wurk fan ferskillende skriuwers en yllustratoaren. Om alle dagen út (foar) te lêzen.

Priis: € 22,50
Hjir te bestellen

2) Mei ik yn dyn pemper sjen?
Mûske is ôfgryslik nijsgjirrich. Oeral wol er yn sjen, sels yn de pempers fan syn freonen.

Priis: € 16,95
Hjir te bestellen

 

 

3) Kom út dy kraan
Bekroand mei de sulveren griffel. Skreaun troch Tjibbe Veldkamp.

Priis: € 13,95
Hjir te bestellen

 

 

4) Tomkes foarlêsfeest
In prachtich foarlêsboek mei aventoeren fan Tomke en syn freonen.

Priis: € 12,95
Hjir te bestellen

 

5) Karlson fan it dak
It komt net sa faak foar dat der lytse, dikke mantsjes mei propellers op ‘e rêch en in startknopke op ‘e búk boppe op it dak wenje. Karlsson is sa’n mantsje. En Erik ken net ien dy’t sa goed streken úthelje kin as Karlsson fan it dak.

Priis: € 13,50
Hjir te bestellen

 

6) De Gruffalo
Mûs giet op stap yn it donkere bosk en komt in foks, in ûle, in slang en in gruffalo tsjin. Dy ha allegear wol sin oan in hapke mûs. Hoe sil er him dêr útrêde?

Priis: € 13,95
Hjir te bestellen

 

7) Hoe is it yn de romte?

Hoe is it eins yn de romte? Hoe komst dêr en wêr kinst hinne? Wat dogge astronauten de hiele dei? Kinne wy libje op Mars? 

Dat en noch folle mear kinst lêze yn dit prachtige yllustrearre boek, de antwurden fynst achter de flapkes.

Priis: € 12,95
Hjir te bestellen

 

8) Ik tel oant 100
In kleurryk telboek:  ien folle moanne, twa lytse hûntsjes, trije reade bussen… oant 100 telle is in feest mei dit prachtige boek. Undertusken komst ek noch allegearre ferskillende kleuren, bisten en foarmen tsjin.

Priis: € 12,95
Hjir te bestellen

 

9) In hûs foar Harry
Harry is altyd yn ‘e hûs. Oant Yfke freget om tikkerke te dwaan. Hy draaft achter har oan en rekket it paad kwyt. Hoe komt er no wer thús?

Priis: € 15,99
Hjir te bestellen

 

10) De GFR
Yn in firtuoaze oersetting fan Martsje de Jong en mei prachtige kleureyllustraasjes fan Hilda Groenesteyn komt de fantastyske dreamwrâld fan de GFR no einlings ek yn it Frysk ta ús. 

Priis: € 17,50
Hjir te bestellen

 

 

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!