heit&mem

ADHD, hoe sit dat eins?

Bêste Tarek,

Bern krije hjoed de dei nochal fluch in stimpel opplakt. Dit kin foar âlders en skoallen in helpmiddel wêze om de krekte soarch ferliene te kinne mar de fraach dy’t dan by my opdûkt is: wat betsjut sa’n stimpel no eins foar it bern yn kwestje?

Dieuwke van der Meer 23 november 2023

Bêste Jan,

De redenen dy’ st neame kinst binne hiel ferskillend; it kin in hâldfêst wêze foar de learkrêft dy’t net wit hoe’t dy mei it gedrach omgean moat. It kin foar âlders wêze: O ja, no snap ik wêr’t dat gedrach wei komt, fijn! Of it bringt miskien wol wat ekstra jild op foar de begelieding binnen de skoalle of foar de âlders. Mar hat it bern der foar foardielen by as syn gedrach mei in diagnoaze fêststeld wurdt?

No is it it gefal dat it tal bern mei ADHD de ôfrûne jierren mear as fertrijedûbele is. Dus der binne yn de lêste jierren ‘ynienen’  trije kear safolle bern mei dizze gedrachsôfwiking as foarhinne.

Lit it dúdlik wêze dat de ôfwiking ADHD absolút wol bestiet, mar is it net frjemd dat der ynienen safolle mear ADHD’ers binne?

Wurdt der by it stimpeljen fan de bern ek neitocht oer wat it stimpel mei de bern docht? Yn de measte gefallen binne it de jonges wêr’t ADHD fêststeld wurdt, frjemd? Fansels net! Der wurdt jonges foarhâlden om de hiele dei yn ’e skoalbankjes, op ’e stoel nei fierstente lange ynstruksjes fan harren juf of master te lústerjen.

Jonges leare troch ‘trial en error’ en net troch nei droege ynstruksjes te lústerjen wêrby’t se ek nochris sa stil as in mûs op ’e krint sitte moatte. Lit de jonges sels dingen ûntdekke. It is dochs net foar neat dat, as in man mei in nije televyzje thús komt, er daliks mei oansluten begjint, wylst syn frou faak earst de hiele hantlieding trochspit? Der is gewoan in wêzenlik ferskil tusken jonges en famkes en ien fan dizze ferskillen is, dat jonges in behoarlik koartere spanningsbôge ha as famkes.

Miskien wurdt it tiid dat der by dizze jonges ris sjoen wurdt as se ek trochlisplakken op harren sitflak ha ynstee fan dat der in stimpel op harren foarholle setten wurdt dy’t der nea wer ôf giet. Nea wer yndie, dizze stimpel hâlde se harren hiele libben, yn elk dossier wurdt dit trochjûn, oan de dea ús skiedt.

Altyd wurdt der weromsjoen nei it momint dat de diagnoaze steld is, dit is it referinsjepunt yn it libben fan dizze minsken. Op dit momint binne se mei harren medikaasje begûn en alle foaroardielen oer harren wierheid. Se sille altyd foldwaan oan it foaroardiel dat se ûnrêstich, hyperaktyf, fluch lilk, sûnder struktuer of wat dan ek binne en is de medikaasje dan it middel wat dit noch in bytsje yn ’e stokken hâlde kin?

Ik tink dat der grif bern binne dy’t baat ha by medikaasje mar ik ha ek de stellige oertsjûging dat de farmaseutyske bedriuwen gâns ynfloed ha om harren piltsjes te sliten oan bern dy’t dat net nedich ha. As wy kritysk bliuwe nei wat wy ús bern gunne, dan bin ik der wis fan dat der in stik minder piltsjes jûn wurde as dat der no dien wurdt.

Alders binne ferantwurdlik foar wat se harren bern tatsjinje, dus lit jo goed ynformearje oer wat jo de bern jouwe. Probearje earst sels ris wat it mei jo docht en tink dan noch ris goed nei as jo dat jo bern ek tawinskje. It is net foar neat dat Ritalin op dit stuit ien fan de populêrste ‘party-drugs’ is.

Kinst ek ris in ôflevering fan Zembla werom sjen.

 

Ast werris in fraach hast, beäntwurdzje ik dit hiel graach!

 

Groetnis,

Jan Stenekes – Kindercoach Kick Jongenscoaching

P.s. dizze kollum is myn eigen miening op stimpels en medikaasje!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!