Frysk, hoe sit dat eins?
Rinske van der Meij-de Groot:
Hoewol ’t wy thús Frysk prate, praat ús soantsje (3,5 jier) ek wol Nederlânsk (by de opfang, en hy heart it op tv). Dêrneist noch wat Biltsk dat hy hjir en dêr oppikt.
Ik fyn dat allinnich mar in foardiel. It komt letter fansels wol dat hy de talen goed fan elkoar ûnderskiede kin. Foar de grap leare we him ek wol wat Ingelske wurdsjes (telle, de kleuren, ensfh.) en wy fernuverje ús deroer hoe fluch at hy dat oppakt.
Fraach: Rinske har soantsje heart ‘fan alles’ om him hinne. Krije bern ek in taalachterstân yn it Nederlânsk as sy thús in dialekt of oare taal prate?
Antwurd: Undersyk yn Fryslân – en ek (ynter)nasjonaal ûndersyk – hat útwiisd dat it praten fan in dialekt of minderheidstaal as thústaal net te’n koste giet fan de mearderheidstaal. Bern yn Fryslân dy’t opgroeie mei it Frysk of it Biltsk leare oer it algemien ek maklik it Nederlânsk derby, omdat se automatysk ek genôch taaloanbod yn it Nederlânsk krije, bygelyks fia de tillefyzje, it pjutteboartersplak, skoalle, famylje en freonen fan heit en mem.
Marije Haringsma:
Wy prate sels foaral Frysk mei ús jonkjes. It KDV en de skoalle binne twatalich, ús heit en mem binne Nederlânsk en se hawwe in pake en beppe! Op it KDV en op skoalle steane se fersteld hoe’t ús âldste skeakelet tusken de twa talen. Ik bin in foarstanner fan meartaligens!
Fraach: Marije sjocht de meartaligens fan har bern as in foardiel. Sitte der neidielen oan it learen fan mear as ien taal tagelyk?
Antwurd: De wurdskat per taal kin wat lytser wêze, mar ast beide talen optelst, dan hawwe de meartalige bern in like grutte wurdskat as ientalige bern.
Franziska Brouwer-Bohland en Josette Zwier:
Franziska: Onze zoon wordt drietalig opgevoed. Mijn man praat Fries tegen hem, ik Duits en onder elkaar praten we Nederlands. Dat gaat prima en je merkt dat hij alles even goed begrijpt. Hij begint nu zelf te praten en natuurlijk gaan de drie talen door elkaar heen. Maar dat is ook leuk.
Josette: Ik praat Frysk, myn man Nederlânsk. Ik fernim dat it Nederlânsk oerhearsket en dat ik it lestich fyn om konsekwint Frysk praten te bliuwen. Hoe dogge oaren dat?
Fraach: Hoe kinst it bêste omgean mei ferskillende talen yn ien gesin?
Antwurd: Soargje foar in lykweardich taaloanbod yn beide talen of in oanbod mei mear Frysk as Nederlânsk, omdat it Nederlânsk op tillefyzje en op skoalle de oerhân hat. Bern moatte har motivearre fiele om sels de talen te brûken. De earste stap om dat te berikken is troch sels konsekwint te wêzen. Ast mar goed fêsthâlden bliuwst oan dyn eigen taal, dan ‘switchto’ sels hieltyd minder. As dyn bern Nederlânsk praat, soest dat sels yn it Frysk werhelje kinne om dyn bern te motivearjen Frysk te praten. Freegje ek oare Frysktaligen om konsekwint Frysk tsjin dyn bern te praten en harren net te ferbrekken nei it Nederlânsk. Hoe mear minsken at de bern yn har omjouwing hawwe dy’t de taal brûke, hoe mear’t se it ‘nut’ dêrfan ynsjogge. En in lêste tip: lês in soad foar yn it Frysk.
Janna Kamstra:
Wij spreken allemaal Fries. Het grappige is dat de oudste twee (5 en 3 jaar) samen altijd Fries spreken, behalve wanneer ze spelen. Dan overheerst het Nederlands.
Fraach: Hoe komt it dochs dat Frysktalige bern faak it Nederlânsk brûke as se boartsje? Dogge bern út oare minderheidstalen dat ek?
Antwurd: Frysktalige bern brûke it Nederlânsk as se boartsje omdat dat in feilige manier is om dy taal te oefenjen. It is eins in rollespul dat sjen lit dat de bern harren bewust binne fan de twatalige situaasje. Dat ferskynsel komt ek foar yn bygelyks Wales, dêr’t fan hûs út Welsktalige bern by it boartsjen in soad Ingelsk brûke.
Sanne van Herp:
Ik vind het leuk om te lezen hoeveel mensen tegenwoordig hun kinderen de Friese taal nog leren!
Fraach: Hoefolle minsken prate Frysk yn Fryslân? Nimt it ôf/ta?
Antwurd: Fryslân telt wat mear as 647.000 ynwenners. Fierwei de measten, likernôch trijefearn, binne Fryskpraters, oftewol minsken dy’t nei eigen sizzen de Fryske taal frij aardich oant tige goed prate kinne. Dat tal liket reedlik stabyl te wêzen. Der is oars in nijsgjirrige tendins sichtber. It Frysk wurdt fanâlds folle mear praat as skreaun. De ôfrûne jierren wurdt it lykwols hieltyd mear as skriuwtaal brûkt en dat is dúdlik te tankjen oan de opkomst fan de sosjale media en alderhande nije mooglikheden om digitaal te kommunisearjen.
Mei help fan de meiwurkers fan de Fryske Akademy:
Evelyn Bosma, Anne Merkuur, Jelske Dijkstra, Mirjam Günther en Nika Stefan
Boekentip: Meertalig opvoeden

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: