heit&mem

Muzyk foar de berte

Mei in mem dy’t yn in brassband spilet en in heit dy’t dirigint is en slachwurker by de marechaussee, en dy’t boppedat ek graach pianospilet, kin lytse Jesse der net omhinne: muzyk heart by syn libben. It wie al yn Jesse syn earste libbensoere dat Ido (33) in pianostik fan Jennifer Lin foar him spile. Jesse Ids is no sân moanne âld en rôlet himsels om yn ’e boks as syn heit dat stik wer spilet. Hy werkent it grif! Of soenen heit en mem dat graach leauwe wolle?

Marieke Vinckers 23 oktober 2023

As in sûne jonge Fries leit Jesse mei syn blonde kopke yn ’e wein neist syn mem Wilma (29). It is wol dúdlik dat er meidwaan wol yn it petear, want sûnder ophâlden praat en brabbelt er mei syn mem mei. Nijsgjirrige helblauwe eagen. Jesse sjocht alles. It is dat heit der net is, oars hie it mantsje fêst noch eefkes by Ido op ’e skurte sitten, wylst dy in lietsje spile op ’e piano. Sûnder gekheid, dit moat al in muzikaal jonkje wurde, dat kin hast net oars.

jesseUntwikkeling gehoar
Tusken de sânde en de njoggende wike fan ’e swangerskip ûntwikkelt it gehoarorgaan fan ’e baby him. As in swangere frou nei muzyk lústeret, dan lústeret de baby dus mei. Der binne froulju dy’t dêrom bewust it berntsje yn ’e búk rêstige muzyk hearre litte. No ja, rêstich, dat docht net elkenien. Op ’e site fan Babybites skriuwt in mem: “Muziek hoorde hij al continu in mijn buik, maar dan wel redelijk harde rotherrie.” Se jout dochs it advys om wol dyn eigen muzyk te draaien. Dan is it bern dêr mar fêst oan wend. “Brammetje slaapt nu gerust door Rammstein heen”, skriuwt se. In oare mem docht it kalm oan mei har lytse poppe yn ’e búk: “Ik zet vaak een rustig klassiekje op, zodat ze eraan kan wennen. Maar ik doe het alleen als ik haar voel bewegen, want het is niet de bedoeling haar ermee wakker te maken.”

By Jesse fan Ido en Wilma gong it noch wer oars: ‘Ik ha noch oant myn 36e wike yn ’e brassband meispile. Ja, der wienen wol wat minsken dy’t fregen oft dat no wol ferstannich wie, mar ik hie ’t de ferloskundige frege en dy sei dat it krekt goed wie dat ik sa bewust mei myn azemjen dwaande wie.’ Mei har kornet toetere Wilma dus gewoan troch. Oant it momint dat se fielde dat se minder lucht hie. Se fielde Jesse altyd wol skoppen, mar dat wie net om har stil te krijen hear!

Werkennen muzyk
As in mem sels muzyk makket, dan fielt de baby de fibraasje dêrfan. Dat jout rêst. Hoewol’t it ûndersyk nei prenatale ûntwikkelings noch altyd trochgiet, is wol al dúdlik dat foetussen net allinnich de stim fan harren heit of mem nei de berte werkenne, mar ek muzyk dy’t se geregeld heard hawwe yn ’e swangerskip.
Ido en Wilma sjogge dat ek by harren soantsje: ‘We tochten earst dat it net wier wie, mar altyd as Ido dat lietsje spile fan Jennifer Lin (On the bridge at twilight) dan begûn Jesse te laitsjen en draaide hy syn kopke nei de piano ta.’ It wie it earste muzykstik dat Jesse heard hie nei syn berte. En it is as oft Jesse wit dat der oer him praten wurdt, want hy begjint alwer te laitsjen. De wite piano stiet yn ’e midden fan ’e keamer. Wilma tinkt dat Jesse sa gau as er sels rjochtop sitte kin, achter dy toetsen sit. Hoewol, it trompetsje dat er nei syn berte krige fynt er ek wol tige ynteressant. Dus de fraach is oft hy skielk yn ’e fuotleasten fan syn heit of fan syn mem gean sil. ‘It makket ús net út hear, as er fuotballer wurde wol, dan is it ek goed’, seit Wilma.

Bonkehurde rock, of Mozart?
Sa yn ’e fiifde moanne kin de baby echt hearre. Mei acht moanne kinne se dan ek lûden ûnderskiede: it hert fan mem, it boarreljen fan it fruchtwetter, spraak en muzyk. Undersyk hat sjen litten dat foetussen sels foarkar hawwe foar in bepaald soarte muzyk. Hurde, swiere bastoanen fine se net noflik. Rammstein is om samar te sizzen net de meast ferantwurde kar. Nee, in licht stikje fan Mozart soe it better dwaan.

Sjonge
Babys genietsje ek fan sang. Se pikke de trillings fan ’e stimbannen sekuer op. It is foar de baby hast itselde as in massaazje. De stimming dy’t muzyk jout, nimme se ek yn it lichem oer. Oft de filmmuzyk dy’t Wilma mei de brassband spilet letter noch effekt hawwe sil op Jesse, dat sil de tiid útwize. (Mar as hy as puber in fûleindich bioskoopbesiker wurdt, dan witte wy wol hoe’t dat komt.)

It wie dus net sa dat Ido en Wilma har dy reaksje fan harren soan op dat earste libbenslietsje ynbylde hienen, troch in ferblynjende âlderleafde bygelyks. Undersyk wiist út dat in bern yndie muzyk werkent. Ek muzyk dy’t se yn ’e swangerskip heard hawwe. As Ido nei dat lietsje fan Jesse in oar stik spilet, dan sjocht syn jonkje grif de oare kant út en sa gau as Ido it berteliet wer ynset, sjocht it stel in BIG SMILE op Jesse syn gesicht.

Se fielde Jesse altyd wol skoppen, mar dat wie net om har stil te krijen hear!

Wylst Wilma graach nei 3FM en Qmusic harket, hat Ido in foarkar foar klassyk. Hy wit dan ek presiis wannear’t syn frou mei de auto fuort west hat, want dan klinkt der popmuzyk út ’e boksen. Jesse wurdt sadwaande grutbrocht mei hiel ferskillende muzykstilen. Is hy aanst pjut, dan kin er op YouTube ek moai eefkes sjen nei it filmke Lees mee met Nijntje, en tagelyk harkje nei it slachwurk (ksylofoan, klokkespul en marimba) fan syn heit: dy hat dy muzyk by dat filmke ynspile.

Muzyk stimulearret it brein
It liket derop dat de harsens fan in baby dy’t muzyk heard hat yn ’e swangerskip in foarsprong yn ûntwikkeling hawwe op dy fan oare bern. Dat komt troch de ferskillende toanen en ritmes dy’t se hearden. De harsens krije dêrtroch mear prikkels dy’t de ûntwikkeling fan it brein stimulearje. Wilma sjongt faak mei Jesse en eltse jûn sit Ido eefkes mei him achter de piano. Dêrnei gau op bed. Boppe yn in moai wyt keammerke stiet in beam mei lytse ûltsjes. By syn bêd hinget ek sa’n fûgeltsje. As Wilma oan it toutsje lûkt, klinkt der in moaie melody. ‘Lekker sliepe leave.’ 

Ut: de lytse heit&mem 2014
troch: Marieke Vinckers

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.