heit&mem

In útstapke nei De Belvédère

Ciska Noordmans 15 oktober 2015

Belvédère betsjut moai útsjoch. Yn Tjaarda’s Bosk by Oranjewâld stiet in achtkantige klimtoer De Belvédère mei 108 triemen (treden). Ast der boppop stieste stekst sa’n 30 meter boppe it meanfjild út. De klimtoer sels is sa’n 18 meter heech mar stiet boppe op in heuveltsje  yn Tjaarda’s Bosk. Yn 1917 is der in houten  toer der delsetten troch Andreas Willem Tjaarda mar yn 1924 is er ferfongen troch beton. Kinst der op, sûnder te beteljen. Wa hat de measte kondysje en is earst boppe?

It Museum krych deselde namme: De Belvédère en net foar neat. Wa’t it museum besiket sjocht in protte moais: it museumpark, it gebou en de fansels alles wat der yn hinget: de skilderijen.
Jantien Jongsma hat spesjaal foar alle bern dy’t dizze wike yn it museum  komme 50 keunstwurken ferwurke yn tekeningen.  Wa spoart se op?
It museum rjochtet har yn de hjerstfakânsje spesjaal op bern en is fan 20-23 oktober 2015 iepen fan 11.00 – 17.00 uur (+ snein 25 oktober). 
 
 Foto: Belvédère 20 troch Udo Ockema

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!

‘Sjoch mem! Dat binne in protte buorden!’ seit Freark Jelle (4) at se lâns in begraafplak ride.