Ynstjoerd: In fjochter
Us dochter Yinthe is in fjochter. Har berte en de wiken dêrnei wienen ien grut aventoer.
Mei de berte bliek dat ús popke flink yn it fruchtwetter poept hie. De kleur wie gifgrien en dus moast ik hurd yn ’e auto nei it sikehûs ta. Dêr oankaam hie ik al mear as 9 sintimeter ûntsluting. Ik siet noch mar krekt op it bed of by de earste wee waard ús dochter Yinthe al berne. Se wie wat slop en meager. Se namen har fuort efkes apart om har wat soerstof te jaan. Dêrnei liek it wol wer goed.
Mar ûngefear trije oeren nei de befalling begong se wat te kokhalzjen en krige se in grauwe kleur. Yinthe waard meinaam foar ûndersyk. Har soerstofgehalte bliek fierstente leech te wêzen. En se bliek in protte mekoanium (earste plakkerige poep) yn har lonkjes te hawwen, trochdat se wierskynlik by har berte te betiid begûn wie te sykheljen. Dy mekoanium sakke hieltyd djipper yn ’e longen wêrtroch’t se hieltyd mear muoite mei sykheljen krige. It gong net goed mei har en se moast mei spoed nei Grins, ek al wie de reis dêr nei ta net alhiel sûnder risiko’s. Ik hie noch nea yn myn libben sa bang west.
Yn Grins kaam se oan de beäzemingsmasine, krige se in bloedtransfúzje en sa’n trettjin ferskate soarten medisinen, wêrûnder ek stikstof om de lonkjes iepen te krijen. Troch de kundige artsen en ferpleging waard der nei in lytse wike in goed evenwicht berikt en wie de sitewaasje net mear libbensbedriigjend. Al gau koe se wer nei Ljouwert, dêr’t se noch in trijenheale wike lein hat fanwege in lyts tekoart oan soerstof nachts.
Efterôf bliek dat de plasinta te lyts wie. Ek siet der in bloedprop yn de nâlestring, wêrtroch’t Yinthe de lêste 4 wiken mar dik 300 gram groeid wie. Sa at it no liket hâldt se neat oer oan har aventoer. Yinthe is no in prachtich, blier wyfke. We binne hiel bliid en tankber dat se der sa goed foarwei kommen is.
Bianke Buursma-Westra
Hasto ek in ferhaal watst graach ynstjoere wolst foar op dizze webside? Mail it nei ynfo@heitenmem.nl.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: