Hechtingen
It kin wêze datst nei de befalling hechtingen krigest. It belangrykste derby is datst it goed skjin hâldst. Ast nei it húske giest, dan efkes nei spiele mei wat lau/waarm wetter yn bygelyks in fleske of in maatbeker. Ast ûnder de does giest dan kinst it ek hiel maklik even goed skjin meitsje troch de dûskop op de hechtingen te rjochtsjen. En wat noch in hiel goed ding is, is om sa no en dan te ‘luchten’. Ik sis ek wol ris: Efkes mei de bleate billen yn it bêd lizzen gean. (Doch der dan wol efkes in handoek of sa ûnder)
Maandverband broeit hiel erch en dan is it goed om te luchten sadat der sa no en dan wat soerstof by komt. Sommige froulju fine it ek lekker om in kâld kompres tsjin de hechtingen te dwaan. Doch wat waarm wetter op een grut maandferband en doch dat in de friezer. Sadree’t dat beferzen is dan yn in (hydrofile)waskhantsje dwaan en dat tsjin de hechtingen oan dwaan. As de hechtingen driigje te ûntstekken dan kinst yn in bad mei wat biotex of soda sitten gean.
Kreamfersoarchster Alnita Miedema skriuwt handige tips foar de kreamtiid foar HeitenMem.nl. Hast in fraach foar Alnita? Reagearje dan op dit artikel.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: