|
BERNEBOEKEN:
|
 |
Jezus wurdt berne
Dit bernebibelboekje is basearre op de tekst en de yllustraasjes fan
it earste ferhaal út de Bernebibel út it Nije Testamint. Der binne in
tal nije yllustraasjes tafoege en in animaasje fan it ferhaal stiet op
de ynsletten dvd. Dêrmei is Jezus wurdt berne in prachtich
krystkadootsje wurden.
Priis: No foar € 5,95
Hjir te bestellen
|
 |
YN DE OANBIEDING!
Bernebibel
Dizze Bernebibel is in printeboek mei 25 bibelferhalen yn
eigentiidske, op bern rjochte taal. Mei de waarme en kleurrike
yllustraasjes fan Marijke ten Cate – mei in protte details-
fertelle se it ferhaal fan de skepping oant de dei dat Jezus
weromkomme sil.
Priis: Fan € 32,50 foar € 15,00
Hjir te bestellen
|
 |
It heechste wurd
Yn It heechste wurd litte sân auteurs yn goed hûndert ferhalen en
gedichten de Bibel oan it wurd. Alle sân kieze, ynspirearre troch de
bibeltekst, dêrby har eigen orizjinele ynfalshoeke. De kleurrike
yllustraasjes fan Guida Joseph jouwe de ferskate ûnderdielen fan
dit boek in hiel eigen gesicht.It heechste wurd is bedoeld foar bern
fan 9 jier ôf.
Priis: € 24,50
Hjir te bestellen
|
 |
Jezus Messias – yn it Frysk
Dit is it wier barde ferhaal fan Jezus Messias. Hy libbe likernôch
2000 jier ferlyn yn Israël. Elkenien dy’t him meimakke, wie tige
ferheard. Dêr’t hy kaam barden wûnders. En elkenien dy’t nei him
lústerje woene, makke hy bliid en gelokkich. Dochs wie it samar
ynienen foarby. Syn tsjinstanders brocht him om. Mar dat wie net
it ein. Lês sels hoe’t it allegearre barde en hoe’t it fierder gie mei
Jezus Messias.
Priis: € 2,25
Hjir te bestellen
|
|
BOEKEN FOAR FOLWOEKSENEN:
|
 |
Bibel
Fries | Huisbijbel
Formaat: Huisbijbel | Afmetingen: 14 x 21 cm
Band: Vivella Harde band | Kleur: Blauw
Uitvoering: Witsnee
Priis: € 49,50
Hjir te bestellen
|
 |
Untfermje jo…
Oarspronklike en oersette gebeden.
Priis: € 7,50
Hjir te bestellen
|
 |
Wekker bliuwe
De twadde printinge fan it Bibelsk deiboek, dat yn 2004
foar it earst ferskynd is.
Priis: € 24,50
Hjir te bestellen
|
 |
Mei it wiffe skip
Mei it wiffe skip is it jubileumboek fan it Kristlik Frysk Selskip
(KFS) by it hûndertjierrich bestean. Yn de ferrûne hûndert jier is
der hiel wat skreaun en wreaun oer kristlik-Frysk en oer Frysk op
it mêd fan tsjerke en leauwe. Dêr tsjûget dit boek fan: der is in kar
út in ieu skriuwerij oer dat ûnderwerp yn opnommen. Mei as
wichtichste doel: in bydrage leverje oan it neitinken oer de takomst
fan it jubilearjende selskip
Priis: € 24,95
Hjir te bestellen
|
 |
De Kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu
Yn dit boek giet de skriuwer de skiednis nei fan it Kristlik Frysk
Selskip (1908-2012), it Roomsk Frysk Boun (1917-1997), it
Grifformeard Frysk Selskip (1930-1945) en de Kristlike Fryske
Mienskip op frijsinnige grounslach (1937-1963), mei omtinken foar
foaral harren doelstellings en resultaten en hoe’t de tsjerken dêrop
reagearre hawwe.
Priis: € 25,00
Hjir te bestellen
|
Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: